LDODK krijt koprinner Fortuna net op 'e knibbels yn lêste wedstriid fan 2021

De kuorballers fan LDODK wiene in maatsje te lyts foar koprinner Fortuna, yn pûl A fan de Kuorbal League. De wedstriid einige yn 20-29.
Ran Faber: LDODK noch maatsje te lyts foar Fortuna
LDODK kaam nei alve tellen op foarsprong, mar Fortuna makke njoggen sekonden letter alwer de lykmakker. De gasten rûnen út nei 2-7 foardat LDODK wer wat dwaan koe. Efkes kaam de spanning werom doe't de Friezen op 7-9 de oansluting wer krigen. Mar de Fortunezen dinderen foar it skoft troch nei in romme 7-15 foarsprong.

Europeeske kampioenen meitsje it ferskil

By Fortuna stienen mei Hoek, Preuninger, Snel, Split en Visscher fiif spilers yn it fjild dy't ein oktober Europeesk kampioen waarden mei TeamNL yn Antwerpen. Sy wienen healweis goed foar 14 van de 15 goals.

Bettere twadde helte

Yn de twadde helte koe LDODK better meikomme. Se skoarden 13 kear, mar koenen net foarkomme dat Fortuna ek wer 14 goals makke. In terjochte oerwinning foar de koprinner út Delft, dy't dit seizoen favoryt is foar de lânstitel.
It wie de lêste wedstriid fan 2021. Dat betsjut dat LDODK no, healwei de pûlfaze, op it twadde plak stiet. De top-3 giet troch nei de kampioenspûl om de lânstitel.

Koarte winterstop

Op 8 jannewaris 2022 set it twadde diel fan de sealkompetysje útein. Yn de 6e ronde yn de Kuorbal League ûntfangt LDODK dan de nûmer fjouwer: KCC út Capelle aan den IJssel.

Doelpunten LDODK:

Erwin Zwart 5, Ran Faber 3, Marjolijn Kroon 3, André Zwart 3, Femke Faber 2, Julian Frieswijk 2, Esmee van Veen 1 en Marloes Frieswijk 1.

Doelpunten Fortuna:

De fiif Europese kampioenen by Fortuna wienen goed foar 27 van de 29 goals. Fleur Hoek, Daan Preuninger en Mick Snel makken elk 7 treffers. Celeste Split en Harjan Visscher skoarden elk 3 doelpunten.
© Marco Spelten
Trainer/coach Dico Dik is bliid dat syn team it twadde plak yn hannen hat yn pûl A, mar fynt ek dat LDODK noch te wikselfallich is. Dat sil nei de krystdagen better moatte om wis te wêzen fan de kampioenspûl.
LDODK - Fortuna 20-29

Stân yn pûl A

Team Duels Punten
1. Fortuna 5 10
2. LDODK 5 6
3. Blauw Wit 5 6
4. KCC 5 4
5. KZ 5 4
6. Dalto 5 0
Routinier André Zwart (33) rekke flak foar de sealkompetysje swier blessearre oan de ankel en miste sa de start fan de League. Hy is wer opknapt en mocht tsjin Fortuna syn seizoensdebút yn de basis fan LDODK meitsje.
LDODK mei André Zwart ferliest fan Fortuna