Liveblog | 19 desimber 2021

Coronanijs 19 desimber: Net yngripe by huldiging Hearrenfean is 'heel begrijpelijk'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 20 desimber 2021, 06:02
21:02

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan snein 19 desimber. Moarn is der wer in nijenien.
18:58

Buma: Net yngripe by huldiging Hearrenfean is 'hele begrijpelijke keuze'

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert begrypt wol dat der yn Hearrenfean net yngrepen is, doe't hûnderten fans de ploech ûnthellen nei it winnen fan de Fryske derby. Dêrby waarden de coronaregels net neilibbe.
© Noordernieuws
"Als burgemeester moet je steeds weer afwegen wat de risico's zijn, en wat je wel en niet toe kan staan", seit Buma. "Ik kan me goed voorstellen dat ingrijpen meer ellende kan veroorzaken dan rustig laten uitdoven. Daar is een hele begrijpelijke keuze gemaakt."
17:39

MKB-foarsitter wol mear kompensaasje foar ûndernimmers

Foarsitter Jacco Vonhof fan MKB-Nederland fynt dat ûndernimmers finansjeel mear kompensearre wurde moatte foar de ynkomsten dy't se de kommende tiid misrinne. "Als je de laatste twee weken, de beste twee weken van je jaar, dicht moet, maar je hebt de rest van het kwartaal goed gedraaid, kwalificeer je niet. Dat zou echt onbestaanbaar moeten zijn, dus dat moet gewoon naar 100 procent", sei Vonhof yn WNL Op Zondag.
Op de parsekonferinsje waard saterdei in hurde lockdown ôfkundige. Dat betsjut dat allinnich essinsjele winkels iepen bliuwe meie. Under oare net-essinsjele winkels, hoarekasaken en teäters moatte de doarren oant en mei 14 jannewaris slute.
16:45

Op lêste dei foar lockdown goed 20 miljoen pinbetellingen

Op de lêste dei foar it yngean fan de lockdown binne der mear as 20 miljoen pintransaksjes teld. Neffens Betaalvereniging Nederland wiene der likernôch 20 persint mear transaksjes as oars, de omset lei sa'n 35 persint heger as oars. De transaksjes wiene saterdei goed foar in omset fan sa'n 656 miljoen euro.
Njonken de driigjende lockdown spile ek mei dat it de lêste saterdei foar de Krystdagen wie.
15:59

Op 'e nij minder coronapasjinten yn de sikehûzen

It tal coronapasjinten yn de sikehûzen yn ús lân is op 'e nij sakke. Der lizze op it stuit 2323 coronapasjinten yn it sikehûs, dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). It binne der 23 minder as saterdei. Op de ic's lizze 609 pasjinten, dat binne der njoggen minder as saterdei.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
15:35

RIVM: 611 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 611 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 6 minder as saterdei. Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.331.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren njoggen stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts