Hearrenfean lottet thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles yn KNVB-beker

Sportklup Hearrenfean spilet yn de tredde ronde fan de KNVB-beker thús tsjin Go Ahead Eagles De wedstriid wurdt spile op 18, 19 of 20 jannewaris.
Joey en Henk Veerman © Orange Pictures
Hearrenfean pleatste him earder dizze wike foar de tredde ronde troch thús te winnen fan De Treffers (2-0). Yn de earste ronde trof Hearrenfean ek al amateurklup: doe wie de ploech fan Johnny Jansen te sterk foar AFC (1-2).

Thúsfoardiel

Tsjinstanner Go Ahead Eagles stiet op it stuit tsiende yn de earedivyzje, in plak ûnder Hearrenfean. Neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer hie Hearrenfean it minder treffe kind. "Se spylje thús, dat is in foardiel en Hearrenfean hat de earste wedstriid fan dit seizoen mei 1-0 fan Go Ahead Eagles wûn."
Dochs is de ploech út Deventer net te ûnderskatten, seit De Boer. "Se dogge it behoarlik goed yn de kompetysje en Hearrenfean hat muoite mei it meitsjen fan doelpunten." De Boer sjocht Hearrenfean wol as favoryt: "Dit is in geunstige lotting."
Hearrenfean is de iennige Fryske ploech dy't noch aktyf is yn it bekertoernoai. Harkemase Boys en SC Cambuur waarden dizze wike útskeakele troch respektyflik RKC Waalwijk en NEC.