"Er is vaak te laat ingegrepen, mooi dat we nu een keer vroeg zijn"

It is in goeie saak dat Nederlân no yn in strange lockdown sit. Dat seit Anne-Marie van Elsacker. Se is de baas fan it medysk laboratoarium Izore, yn Ljouwert.
Arts en microbiolooch Anne-Marie van Elsacker © Izore
"Het klinkt misschien gek, maar persoonlijk ben ik wel gelukkig met deze maatregelen", seit Van Elsacker. "We hebben zo vaak te laat ingegrepen, het is mooi dat we nu een keer vroeg zijn", seit Van Elsacker.
De omikronfariant is ferfelend, seit Van Elsacker, omdat dy hiel hurd om him hinne grypt. "We hebben niet de luxe om te wachten, we moeten vol in de rem."
It liket derop dat de faksins dy't der no binne, 'beduidend minder goed' beskermje tsjin de omikronfariant as tsjin de eardere deltafariant fan it firus, seit Van Elsacker.
De boosterprik hat wol deeglik in effekt, seit se. "Vandaar dat men daar op hamert. Het is het beste dat we hebben."