VC Snits hurd ûnderút tsjin VCN: 3-0

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneon mei 3-0 ferlern fan promovendus VCN út Capelle. Benammen yn de tredde set waard Snits hielendal fan it fjild spile.
© Orange Pictures
De earste set gie aardich lykop. Snits hie hast de hiele tiid in lytse foarsprong, mar oan de ein fan de set waard it dochs noch spannend. VCN kaam by 24-23 sels op foarsprong en nei in útbal fan Roos van Wijnen wie de earste set foar de thúsploech.

VCN lûkt it nei him ta

De twadde set wie earst foar VCN. Sy namen in foarsprong fan fiif punten, mar Snits focht har werom yn de striid. VCN bleaun lykwols hieltyd op foarsprong en dy fergrutten se noch oan de ein fan de set: 25-19.
Yn de tredde set waard VC Snits suver fernedere. Alle ballen fan VCN foelen binnen. De setstân wie 25-10, einstân 3-0.
Troch it ferlies sakket VC Snits nei it sechde plak.