Nederlân sit wer 'op slot': dit binne de nije coronaregels

De lockdown dy't it kabinet sneontejûn oankundige hat, is ien fan de swierste lockdowns sûnt it begjin fan de pandemy. Bûten meie minsken no noch mar mei maksimaal twa persoanen byinoar wêze.
© ANP
It kabinet hat de nije maatregels bekendmakke yn in parsekonferinsje. Se geane sawat fuortendaliks yn: de nije maatregels jilde fan snein ôf en duorje yn elts gefal oant 14 jannewaris 2022.
Hjirûnder in koart oersjoch fan de nije maatregels:

Thús

Der meie net mear as twa minsken fan 13 jier en âlder op besite komme. Allinnich mei de krystdagen en de jierwiksel giet dat oantal efkes omheech: dan jildt der in maksimum fan fjouwer besikers fan 13 jier en âlder. Dêrnjonken wurdt advisearre om op syn meast ien kear deis immen te besykjen.
Bûten meie minsken net mear yn groepkes byinoar wêze: dêr jildt in maksimum fan twa persoanen. Utsûndering binne minsken dy't út itselde húshâlding komme. Ek by de krystdagen en de jierwiksel sil dy groepsgrutte omheech nei fjouwer persoanen.

Yn de stêd

Hast alles giet ticht. Allinnich essinsjele winkels, lykas supermerken en apoteken bliuwe iepen oant 20.00 oere. Hjir jildt in mûlkapkesplicht en maksimaal ien besiker de 5 kante meter.
Oare winkels, hoarekasaken, musea, bioskopen en teäters geane ticht. Ek net-medyske kontaktberoppen, lykas de kapper moatte slute. Ofheljen by winkels en hoareka kin wol.

Op Skoalle

Alle skoallen en oare ûnderwiisynstellings geane ticht. Dit is yn elts gefal oant 9 jannewaris. Foar it basisûnderwiis feroaret der foarearst net folle: dêr wie de krystfakânsje fanwegen it coronafirus al in wike earder begûn. Praktykûnderwiis en eksamens kinne wol trochgean.

Sport

Alle binnensportlokaasjes slute. Bûtensportlokaasjes bliuwe iepen foar eltsenien tusken 5.00 en 17.00 oere. Folwoeksenen fan 18 jier en âlder moatte yn groepkes fan twa op oardel meter sporte. Foar bern jildt dy beheining net.

Fierder

Eveneminten wurde ferbean. Dit jildt net foar útfearten, merken en profesjonele sportwedstriden sûnder publyk. Krystmerken geane net troch.
Alle 18-plussers krije sa fluch as mooglik in útnûging foar in boosterprik. Om 7 jannewaris hinne kinne alle 18-plussers in ôfspraak meitsje. Yn de twadde helte fan jannewaris hat eltsenien de kâns hân om in booster te nimmen. It is it bêste om de ôfspraak online te meitsjen