Marrit Steenbergen einiget as lêste yn WK-finale op 100 meter

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat gjin goeie finale swommen op de 100 meter frije slach. Se einige as lêste.
© Orange Pictures
Steenbergen kaam der net oan te pas yn de finale fan it WK yn Abû Daby. Op it EK yn Kazan swom se noch in ferrassende 52,29, mar yn de finale kaam se net fierder as 52,40.
De wrâldtitel gie nei Siobhan Haughey út Hongkong yn in tiid fan 50,98.

Finale op de 100 meter wikselslach

Letter sneon kaam Steenbergen ek yn aksje yn de heale finale fan de 100 meter wikselslach. Steenbergen einige yn har heat as fjirde yn in tiid fan 58,75. Dat is genôch foar de finale, dy is snein om 15.19 oere.