RIVM meldt 617 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 617 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 88 minder as freed. Doe waarden 705 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 614 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 624 besmettingen, in wike lyn op 775.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.742. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 14.758.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.