Van der Molen (CDA) nei 9 moannen werom yn de Keamer: "It wurk is einleas"

Nei 9 moanne is CDA-Keamerlid Harry van der Molen wer werom yn de Twadde Keamer. No't it regearakkoart der is, kin hy fuortendaliks oan de slach, bygelyks troch him te bûgen oer it lienstelsel foar studinten.
© Omrop Fryslân
'Altyd trochjeie': dêr krige keamerlid Van der Molen neffens himsels de burn-out fan dy't him 9 moannen lang út de Keamer holden hat. "As je batterij kompleet leech is, hâldt it in kear op."
Dochs seach hy it net oankommen, sels net mei in wurkwike fan 80 oeren. "Je ha ris in pear wiken dat it rêstiger is, dan tanke je wer wat by. Mar by my wie it permanint drok. Ik kin in soad ha, dochs wie it ek foar Harry in kear 'ho'."
Harry van der Molen (CDA) yn It Polytburo:
Van der Molen is net it iennichste Keamerlid dat de ôfrûne tiid oerspand thús siet. Foar de sykteperioade fan partijgenoat Pieter Omtzigt kaam in soad omtinken yn de media. "Je ha as Keamerlid net in soad ûndersteuning en it wurk is einleas. Op in gegeven momint ha je sa'n soad ferantwurdlikheden, der komme safolle ûnderwerpen op je ôf."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering.
Van der Molen seit dat er wol leard hat fan de burn-out. "As ik dit soarte gedrach fiel op dy manier, dan is it in sinjaal dat ik it rêstiger oan dwaan mei."

'Oardel meiwurker'

De Keamerleden krije help fan meiwurkers, mar 'oardel meiwurker' is neffens Van der Molen net genôch. "Yn it nije regearakkoart wurdt wer ekstra jild frijmakke foar de stipe fan Keamerleden, dat is echt nedich. Asto it kabinet goed kontrolearje wolst, moatst sa'n soad papier troch wrakselje, dat kinst net yn dyn ientsje."
"Oardel meiwurker is net genôch":
As wurdfierder fan it heger ûnderwiis hat Van der Molen mei it nije regearakkoart yn elts gefal al in wichtich ûnderwerp dêr't er him no yn fêstbite kin. Foar de studinten yn Nederlân wurdt it lienstelsel ferruile foar de basisbeurs. Minsken dy't studearre ha yn de tiid fan it lienstelsel, krije kompensaasje.

Der wurdt no sprutsen fan in kompensaasje fan 3.000 euro, mar Van der Molen wol wachtsje op de konkrete bedragen. "Ik wie altiten al tsjin it lienstelsel, it CDA ek. Ik fyn dat dit netsjes regele wurde moat."

'Yngewikkeld'

"Net elkenien hat sa'n grutte bult liend. We ha ek noch de groep fan minsken dy't gewoan út eigen beurs sa'n soad bylein hat, dat har bern mei nul euro ôfstudearje kinne. Ik fyn dat we ek nei dy groep sjen moatte. Dy puzel is noch wol yngewikkeld."
Harry van der Molen oer de Lelyline:
In grutte boppeslach yn it regearakkoart is neffens deputearre Avine Fokkens de komst fan de Lelyline. "It moat allegearre noch", seit Van der Molen. Hy wiist op de 3 miljard dy't it plan kostje sil. "Dit binne hiel yngewikkelde projekten. It Noarden moat ienriedich bliuwe. Alle provinsjes moatte der like hurd oan lûke. Dat is altiten spannend."

It plan hat in heech priiskaartsje. "It goede fan it regearakkoart is dat der no 3 miljard op it kleed leit en in hiel dúdlike opdracht oan it ministearje." Hy tinkt dat de provinsje en deputearre terjochte posityf binne. "Mar dit soarte projekten kealje swier."

Stimulâns foar de huzemerk

Mei it plan fan de Lelyline moat ek de huzemerk in stimulâns krije. "Yn de plannen fan it regear hold de wenningbou op by Swol. Dêrboppe wiene gjin plannen." Yn de doarpen wurde huzen opkocht en ha starters gjin plak, sjocht it Keamerlid.

Van der Molen: "Dat kin net. Der moat hjir wenningbou hinne. Doe wie de diskusje oer de Lelyline der al, en dat wie eins de wize om derfoar te soargjen dat Fryslân net efteroan yn de rige stiet by wenningbou."

Mear bedriuwen nei de provinsje

It plan moat der ek foar soargje dat der mear bedriuwen yn de provinsje komme. "Jonge minsken moatte net allegearre yn Amsterdam wurkje troch de Lelyline. Se moatte in bedriuw om de hoeke ha dêr't sy gewoan wurkje kinne. Dat se gewoan yn it doarp by har famyljes wenje kinne. Dat is eins it idee dêr't it allegearre om draait."
Harry van der Molen oer gaswinning:
Yn it regearakkoart giet it ek oer de gaswinning by Ternaard. 'We ronden de procedure rond Ternaard af, we geven geen nieuwe vergunningen voor gaswinning af onder de Waddenzee', stiet yn it akkoart. "Dat twadde fyn ik in hiel wichtige, dy ha we yn elk gefal", seit Van der Molen oer de sin dat nije fergunningen der net komme.
"Ik ha drekst neifrege; wat betsjut dat? It falt wol op, dat Ternaard yn it regearakkoart stiet. It antwurd wie: dit betsjut seker net dat it definityf trochgiet. Ek net dat it definityf ôfwiisd wurdt. Mar de keamer is wol hiel kritysk."
© Omrop Fryslân