Sven Kramer: "De kâns is 50 prosint dat ik my pleats foar de Spelen"

Sven Kramer achtet de kâns dat hy him pleatst foar de Spelen fyftich prosint. We sjogge mei de Fryske Jumbo-Visma-reedriders Kramer, Antoinette de Jong en Reina Anema foarút nei it olympysk kwalifikaasjetoernoai.
© Orange Pictures
Sven Kramer komt op de earste dei fan it OKT op snein 26 desimber fuort yn aksje op de 5000 meter. De ôfstân wêrop't hy himsels ek de grutste kâns jout om him te pleatsen. "Fifty-fifty tink ik. Ik ha wolris mear kâns hân. As it giet sa as it no giet, is it best wol reëel om my te pleatsen."
Kramer hat allinnich de wrâldbeker yn Poalen riden en dêrnei de folgjende trije wrâldbekers oerslein. Hy is krekt werom fan in trainingskamp yn Collalbo en sil moandei in trainingswedstriid op de 3000 meter ride.
"Ik bin no noch wat wurch, mar dat sil der aanst wol útkomme. Ik ha gjin denderend foarseizoen hân, mar myn trainingswedstriden wiene hiel goed. Al mei al ha ik alles goed dwaan kind", seit Kramer.
It is no best wol okee. It bliuwt fragyl.
Sven Kramer oer syn rêch
Kramer rjochtet him foaral op de 5000 meter. "En as ik in goeie 5 kilometer ryd, kin ik ek noch in 10 kilometer ride, mar dêr bin ik no hielendal noch net mei dwaande."
Boppedat is der ek noch in kâns dat as Kramer him net pleatst fia it OKT, hy dochs nei de Spelen giet yn de ploege-efterfolging. "Dat leit fansels oan de bûnscoach, mar as hy wol dat ik meigean, dan bin ik dêr fansels klear foar. Mar ik ha gjin idee hoe't de bûnscoach (Jan Coopmans, red.) dêroer tinkt. Dat hinget der fansels ek fanôf hoe't ik op it OKT ryd."
Ta beslút altyd noch efkes de fraach hoe't it mei Kramer syn rêch giet. "Ja, bêst wol okee. It bliuwt fragyl. Bist 4 maaie operearre en dan witst dat de tiid koart is. We ha risiko naam, dêr stean ik wol efter. Ik ha der ek noch altyd wol baat by, mar wat stabiler hie wol fijn west."
© Orange Pictures

Antoinette de Jong leit fokus op 1500 en 3000 meter

Foar Antoinette de Jong leit de fokus foaral op de 1500 en 3000 meter. "Ik fiel my prima mominteel. It is wol hiel spannend. Ik ha swier traind rjochting de wrâldbeker yn Salt Lake City. Dêrnei wat rêstiger oandien, doe nei Collalbo west en wer wat optraind."
Jac Orie, har coach, is ien dy't alles byhâldt en mjit. "Ferline wike ha we wer laktaat prikt. Dan kinst sjen hoe'tst herstelst. En dat sjocht der allegear goed út."
De Jong rydt fjouwer ôfstannen op it OKT: de 1000, 1500, 3000 en 5000 meter. Hoe grut is de kâns dat se har pleatst foar alle ôfstannen?
"Haha, nou, ik sis altyd: de 1000 en de 5000 meter binne ôfstannen wêrby't alles kin en neat hoecht. In soarte fan byfangst. Ik brûk dy ôfstannen foar de 1500 en de 3000 meter. As ik my foar de 1500 en de 3000 meter net pleats, bin ik teloarsteld. Dat jildt net foar dy oare ôfstannen."
© Orange Pictures

Reina Anema sjocht harsels net as favoryt

Reina Anema hat dit seizoen de oerstap makke nei de Jumbo-Visma-ploech. Anema begûn dit seizoen mei in minne start op it NK ôfstannen.
"Je moatte dochs efkes sjen hoe't je reagearje op in nij team. Je ha in oar programma, je wurkje mei oare minsken. Ik tink dat ik dêr wol wat tiid foar nedich hie. Mar de trainingen gean wol goed en ik sit wol op myn plak. As we op kamp binne of sa, dan fyn ik dat hiel fijn. Ik wol dan net nei hûs of sa. Ik ha it goed nei myn sin."
Anema rydt de 1500, de 3000 en de 5000 meter op it OKT. "Ik fiel my goed, mar hoe't de foarm is, wit ik noch net. Ik ha ferline wike yn Calgary west en dêr in persoanlik rekôr riden op de 1500 meter. Dat seit wol wat oer de foarm, tink ik."
Ast gewoan nei de resultaten sjochst fan dit seizoen, dan ferwachtet gjinien dat ik it helje.
Reina Anema
Se tinkt dat se measte kâns makket op de 3000 meter. "Hoewol't it fjild op de 3000 meter ek wer wat grutter is as op de 5000 meter. Mar ik besykje dochs foaral dwaande te wêzen mei mysels."
Dochs sjocht se harsels, tinkt se, net as ien fan de favoriten. "Ast gewoan nei de resultaten sjochst fan dit seizoen, dan ferwachtet gjinien dat ik it helje. Dus wat dat betreft bist miskien mear outsider, omdat guon miskien gjin rekken mei my hâlde."
It OKT begjint twadde krystdei en is alle dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Ferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries dogge live ferslach op de radio mei âld-reedriders Douwe de Vries en Jesper Hospes. Oan de ein fan elke dei ferskynt in podcast oer it OKT.