Derbykoarts by Uldrikis en Veerman: "Je hoort iedereen erover praten"

Foar de iene spits wurdt it syn earste Fryske derby en de oar hat der al ris ien spile. Roberts Uldrikis (SC Cambuur) en Henk Veerman (sc Hearrenfean) steane snein tsjinoer inoar.
It wurdt foar Roberts Uldrikis syn earste Fryske derby:
Goed trije moannen is Roberts Uldrikis no yn Nederlân. Cambuur helle him oan de ein fan de transferperioade op út Switserlân. It belang fan de Fryske derby is fuortendaliks dúdlik makke by de spits út Letlân. "Doe't ik hjir kaam, fertelde eltsenien my oer de wedstriid fan 19 desimber."
Wat hawwe se him dêroer ferteld? "Dat dy hiel wichtich is en dat it stadion fol sitte soe. Spitigernôch sille der gjin fans wêze, mar ik wit dat de wedstriid wichtich is foar ús, de supporters en de stêd. Wy binne der klear foar", seit Uldrikis, dy't der dit seizoen fjouwer makke hat.
Ook op de club leeft dit enorm, je hoort iedereen erover praten.
Henk Veerman oer de Fryske derby
Uldrikis syn kollega by sc Hearrenfean is Henk Veerman. Dy spile yn syn eardere perioade foar de Feansters twa kear de Fryske derby. Hy wit dus hoe't it is om dat duel te spyljen.
Hie er it net witten, dan wie it him ek wol dúdlik makke. Veerman: "Je voelt aan alles dat er enorm veel druk op staat. Ook op de club leeft dit enorm, je hoort iedereen erover praten. Wij zijn wel gebrand op een goed resultaat."
Henk Veerman oer de Fryske derby:
Beide spitsen spilen meardere derby's. Sa wie Veerman aktyf yn de Hamburgse derby mei FC Sankt Pauli tsjin Hamburger SV. "Dat leeft ook enorm. Dat zijn ook twee wedstrijden die in mijn carrière het mooist waren", fertelt de Volendammer.
Uldrikis spile twa kear earder in derby. "Yn myn eigen lân spile ik de Riga-derby. Doe skoarde ik yn de 92ste minút de winnende. En yn Switserlân spile ik mei FC Sion tsjin Servette, ek in grutte derby yn dy regio. Dus ik wit wat it betsjut."
SC Cambuur - sc Hearrenfean © Omrop Fryslân
Dat de Fryske derby sûnder publyk spile wurdt yn ferbân mei de coronamaatregels, fynt Uldrikis tige spitich. "Mar ik bin wis dat se wat foar ús dwaan wolle. Ik bin benijd." De Let hat syn research wol dien: "Ik seach wat fideo's fan de foarige derby. Ik seach in fol stadion foar de training en by de wedstriid."
Ek Veerman baalt dat it Cambuurstadion leech wêze sil snein, nettsjinsteande dat it miskien in foardiel is foar Hearrenfean. "Sommigen kunnen dat zien als voordeel. Maar ik speel het liefst wel met supporters en vol de druk erop."
De Fryske derby by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân besteget alle dagen omtinken oan de Fryske derby dy't snein 19 desimber is. We sjogge foarút mei Cambuurspiler Doke Schmidt, dy't syn karriêre begûn by sc Hearrenfean. En we sykje Feanster stjerspiler Joey Veerman en Cambuur-oanfierder Erik Schouten, dy't goed befreone binne, op yn Volendam.
Op freed en sneon traine beide klups noch foar it duel op snein. Alles wat op en by de trainingen bart, is te folgjen by Omrop Fryslân. Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.