Froulju sc Hearrenfean ûnderút tsjin PEC Zwolle

17 des 2021 - 21:31

De fuotbalfroulju fan Hearrenfean hawwe freed mei 3-1 ferlern fan PEC Zwolle. It Feanster doelpunt kaam op namme fan Kristen McFarland.

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tsjin middenmoater PEC sette goed útein foar de Friezen. Nei alve minuten makke Kristen McFarland de 0-1 út in rebound. Nei it doelpunt wie PEC de bettere ploech. Krekt foar it skoft smiet it ek in doelpunt op: mei in hurd skot soarge Marushka van Olst foar 1-1.

Minne twadde helte

Yn de twadde helte kopte Danique Noordman PEC al fluch op foarsprong. In kertier letter waard it fia Evi Maatman sels 3-1.

Krekt foar de ein fan de wedstriid krige Hearrenfean noch in goede kâns op 3-2, mar de bal ferdwûn njonken de goal. Mei tsien punten bliuwt Hearrenfean achtste yn de earedivyzje.

Ferlies sealfuotbalsters

Ek yn de seal wie der gjin sukses foar de fuotbalfroulju. Drachtster Boys ferlear mei 7-1 fan FC MARLENE. Daphne de Jong rêde de Drachtster eare.

Ek Libertas gie ûnderút. Doelpunten fan Linda Bosma en Esther Dekker wienen net genôch om punten te pakken tsjin ZVG. Einstân: 5-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)