Feanster enerzjyleveransier Fenor freget fallisemint oan

Enerzjyleveransier Fenor fan It Hearrenfean freget it fallisemint oan. It bedriuw hat sa'n 35.000 klanten: ûndernimmers en konsuminten. De leveringsfergunning is yntusken ynlutsen.
It gebou fan Fenor op It Hearrenfean © Google Street View
De kurator sil sjen oft der in leveransier te finen is dy't de klanten fan Fenor oernimme wol. As dat net op koarte termyn slagget, dan sil tafersjochhâlder ACM de klanten oer alle oare enerzjyleveransiers ferdiele. Klanten krije oant dy tiid gewoan enerzjy levere.

Gjin oernamekandidaat fûn

Fenor begûn yn 2012, earst benammen op de saaklike merk, letter hieltyd mear yn de konsumintemerk. De lêste jierren hat it bedriuw socht nei in oernamekandidaat, mar dat is net slagge.
Fan it simmer like ferkeap wol tichtby, mar de heger wurdende merkprizen fan gas en elektrisiteit makken it minder oantreklik. Letter is fierder socht, mar "de complexe regelgeving en de principes van de diverse instanties" makke dat kânsleas, skriuwt Fenor yn in ferklearring.
Der wurkje fjirtjin minsken by Fenor. De skuldelêst is sa'n 7 miljoen euro.

Yn oktober noch 'gjin reden ta soarch'

De Vastelastenbond kaam twa moannen lyn al mei it nijs dat Fenor it dreech hie. It bedriuw soe net mear oan de finansjele ferplichtingen foldwaan kinne. Fenor sei doe yn in reaksje dat der gjin problemen wienen. It bedriuw hie sels in goed jier achter de rêch en der wie gjin reden ta soarch, waard sein.