Stim op dyn favorite Fryske Sportmomint fan 2021

Wurdt ít sportmomint fan 2021 de Formule E-wrâldtitel fan Nyck de Vries? It sulver fan Ymkje Clevering yn Tokio? Cambuur dat nei 5 jier wer nei de earedivyzje promovearret? Under oare do bepaalst dat.
De 14 nominaasjes © Sport Fryslân
Sport Fryslân organisearret yn gearwurking mei Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en de provinsje Fryslân it Sportmomint fan it jier 2021. Dêrfoar kinst fan no ôf dyn stim útbringe.
Yn totaal binne der 14 bysûndere sportmominten selektearre fan ús Fryske sporters it ôfrûne jier. Fan 17 oant en mei 24 desimber kinst hjir dyn stim útbringe op dyn favorite sportmomint fan 2021.

Sjuery

De winner wurdt keazen oan de hân fan de stimmen fan it publyk en de faksjuery, dy't bestiet út de sjoernalisten Roelof de Vries fan Omrop Fryslân en Renze Lolkema fan de Ljouwerter Krante, Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân en Wiebe Wieling, foarsitter fan de Alvestêdetochtferiening.
Op snein 2 jannewaris wurdt it Sportmomint fan 2021 bekend yn de live radio-útstjoering 'Sportmominten 2021' op Omrop Fryslân, fan 13.00 oant 18.00 oere.