Liveblog | 17 desimber 2021

Coronanijs 17 desimber: OMT wol nije maatregels fanwegen omikron | Oanpaste eineksamens

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 18 desimber 2021, 08:03
23:01

Oant moarn

Oant safier it liveblog fan freed 17 desimber. Tank foar it folgjen, moarn is der wer in nij liveblog.
22:22

OMT wol 'totale lockdown'

It OMT advisearret it kabinet om de kommende wiken in folsleine lockdown yn te fieren. Dit hat alles te krijen mei de omikronfariant fan it coronafirus. Neffens it OMT kin allinnich in lockdown de flugge fersprieding fan de fariant yn Nederlân noch ôfremje. De maatregels geane mooglik dit wykein al yn.
19:42

Kabinet hâldt sneon oerlis oer omikronfariant

It kabinet bûgt him sneon oer it nije OMT-advys oer de omikronfariant fan it coronafirus. It oerlis sil digital plakhawwe. Mooglik folget dêrnei fluch in parsemomint. Der is in kâns dat der dan nije maatregels oankundige wurde.
16:46

OMT wol nije maatregels fanwegen omikron

It Outbreak Management Team advisearret it kabinet om fluch nije maatregels te nimmen fanwegen de omikronfariant. Dat sizze boarnen oan de NOS.
De saakkundigen ha noed oer de rappe fersprieding fan de fariant yn Nederlân. It is lykwols net dúdlik hokker maatregels it OMT ynfiere wol.

Ferdûbelje

Ut sifers út Amsterdam, dy't nei alle gedachten foarútrinne op de rest fan Nederlân, docht bliken dat it tal besmettingen mei de omikronfariant elke twa oant trije dagen ferdûbelet.
16:40

De Jonge wachtet op OMT oer omirkonadvys

Demisjonêr minister Hugo de Jonge wol net foarútrinne op mooglike nije maatregels yn ferbân mei de omikronfariant fan it coronafirus. "Maar als het nodig is om dat virus scherp af te remmen, te vertragen - om die golf die verwacht wordt te vertragen, dan zullen we die maatregelen nemen. Of dat nodig is, horen we van het OMT", sei De Jonge tsjin de NOS.
It Outbreak Management Team komt mei oanbefellings, wêrnei't in oerlis yn it Catshuis folget oer eventuele politike stappen.
16:02

LAKS wol coronaferlichting

It LAKS (Landelijk Aktie Komitee Scholieren) is teloarsteld dat it ministearje de 'duimregeling' loslit. Dêrmei kinne learlingen derfoar kieze om in ûnfoldwaande foar in net-kearnfak net meitelle te litten foar de totaalbeoardieling. Dy maatregel soe de druk foar de learlingen yn coronatiid wat leger meitsje.
De feriening hopet dat it ministearje in finger oan de pols hâldt as it giet om de eksamenmaatregels, hielendal mei it each op de omikronfariant.