Cambuur ferliest nei slop begjin mei 1-2 fan NEC

SC Cambuur ferlear tongersdeitejûn mei 1-2 fan NEC Nijmegen. De wedstriid tekene him troch in earste helte mei net in soad motivaasje by beide ploegen. Yn de twadde helte diene de Ljouwerters it better, mar de konklúzje is wol dat Cambuur út it bekertoernoai leit.
Ivan Marquez fan NEC en Nick Doodeman fan SC Cambuur © Orange Pictures
Cambuur spile de bekerwedstriid thús yn in dizich stadion. Dat diene de Ljouwerters mei in soarte fan B-alvetal, want fêste krêften Mac-Intosch, Uldrikis, Kallon, Bangura, Maulun, Hoedemakers en Jacobs sieten allegearre op 'e reservebank.
Al nei twa minuten foel de earste goal fan de wedstriid, yn it neidiel fan Cambuur. Yn it besykjen om de bal by de goal wei te hâlden nei in gefaarlike corner fan NEC, skeat Gullit de bal yn eigen doel.
It skeelde net folle of der soe al in 0-2 falle fia Duelund. Mar dat koe noch keard wurde. Nei in kertier kaam de wedstriid wat mear ta libben. Paulissen skeat, mar syn skot kaam yn de moffen fan Vukovic telâne. NEC bleau druk setten op Cambuur.

Slop spul

It spul yn de earste helte wie by beide ploegen net geweldich. Cambuur liet de yndruk efter dat de ploech gjin prioriteit joech oan de wedstriid en it bekertoernoai net it wichtichst fynt. De bettere fuotballers bleaune op de bank sitten: likegoed Cambuur as NEC holden sa'n sân basisspilers oan de kant.
Nei de 40ste minút die bliken dat it hielendal yngewikkeld waard foar Cambuur om der noch wat fan te meitsjen. Proper skeat de bal frij maklik mei de linker foet yn de rjochter hoeke. NEC kaam foar te stean mei 0-2.

Mear spanning yn de twadde helte

Yn it skoft besleat de stêf fan Cambuur twa kear te wikseljen. Gullit en Krastev lieten har net werom op it fjild sjen, Bangura en Hendriks kamen foar har yn it plak.
Yn de 50ste minút folge in corner, mar by de earste peal wiene der gjin Cambuurspilers dy't de bal benei kamen. In pear minuten letter slagge it Sam Hendriks wol. Hy kaam knap frij te stean, fûn in gat en skeat de bal yn de uterste hoeke. De keeper fan NEC wie kânsleas. De stân kaam op 1-2.
Fuort dêrnei krige Cambuur wer in kâns, doe't NEC noch fan slach wie. Alex Bangura stie frij en brocht de stân hast lyk, mar it wie in drege hoeke en Vukovic wist it noch tsjin te hâlden.
Mei troch de ynset fan Bangura lieten de Ljouwerters mear spirit sjen. Der folge in mear driigjende faze. Breij skeat, der folge in corner, mar dy waard oer kopt troch Boere.

Kâns foar Hendriks

Dêrnei ferlieten Doodeman en Schouten it fjild foar Ter Heide en Mac-Intosch. Sam Hendriks wist hast in twadde goal te meitsjen. Fan in foarset fan Paulissen ôf koe er de bal fan tichtby op de goal koppe. De Nijmeechske keeper Vukovic krige noch in rêding foarinoar.
Om de 80ste minút hinne lei it balbesit wer mear yn hannen fan NEC. Boere koe de bal út in drege hoeke noch knap yn 'e rjochting fan it doel krije, mar it besykjen einige op de latte. Cambuur stjoerde Schmidt fan it fjild ôf en helle Jhondly van der Meer der yn.
Bangura krige in giele kaart om't er Javier Vet nei ûnderen skopte. Efkes letter krige Vet op syn beurt in giele kaart, om't er in tackle op Tol pleatste. Fierder brochten de lêste minuten gjin feroaringen mear yn de stân: it einige yn in ferlies fan 1-2.
Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt (78/Van der Meer), Schouten (66/Mac-Intosch), Tol, Gullit (46/Bangura); Krastev (46/Hendriks), Paulissen, Breij; Kiss, Boere, Doodeman (66/Ter Heide).
Opstelling NEC: Vukovic, Bronkhorst, Marquez, Guth, Verdonk, Odenthal; Duelund (69/Bruijn), Proper; Vet, Romeny (87/Akman); Mattson (87/Tavsan).