Mienskipstún Sibrandabuorren yn stikjes ferkocht oan natuerleafhawwers

In mienskipstún is net sa útsûnderlik mear: minsken dy't mei-inoar in tún ûnderhâlde om dêr dan yn de simmermoannen lekker fan te iten. Mar in oandiel nimme yn in tún, dat bart net alle dagen. Túnker Bregje Hamelynck smyt de eigen mienskipstún foar stichting Aardpeer yn de ferkeap.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De mienskipstún fan Sibrandabuorren leit der moarns ferlitten by. De dize leit oer de sprútsje- en boerekoalplanten, wylst de sinne stadichoan de kassen ferwaarmet. It is winter, en dus in rêstseizoen foar túnker Bregje Hamelynck. In goede tiid om útein te setten mei de ferkeap fan obligaasjes.

Risiko's foarkomme

Gewoanwei kin it stik grûn yn Súdwest-Fryslân mear as 300 minsken fan iten foarsjen. Se binne lid fan de tún en kinne foar in fêst bedrach in jier lang iten helje. Hamelynck is eigener fan it stik grûn en is dêrnjonken ferantwurdlik foar de oanplant, it ûnderhâld en de ferkeap fan de griente.
In ideaal plaatsje, soene je sizze. Mar Hamelynck wol mear: in tún dy't echt fan de mienskip is. Want, sa seit se, der is altyd in risiko dat de grûn ea ris ferkocht wurdt, en dat it dan miskien feroaret fan funksje. Om dat foar te kommen wurdt de tún no ferkocht mei obligaasjes fan de Stichting Aardpeer. Sa kin de mienskip eigener wurde fan de tún.
Op dit stikje lân by Sibrandabuorren leit de takomst, hopet Hamelynck:
It is net it earste stik lânbougrûn dat fia de stichting Aardpeer oankocht wurdt troch de mienskip. Ek yn Raerd is lân oankocht. It úteinlike doel fan de stichting, en ek fan de boeren dy't deroan meiwurkje, is om de grûn te bewarjen as natuerfreonlike lânbougrûn.
Njonken it stikje Sibrandabuorren wurde tongersdei noch fjouwer oare lânbouperselen fia obligaasjes ferkocht oan de mienskip. Dy lizze yn Noard-Hollân, Súd-Hollân, Noard-Brabân en Gelderlân.