Sloop driget: Frjentsjerter feriening yn 'e bres foar âlde skipswerf

De feriening Vrienden van de stad Franeker hat noed oer it gebou fan de âlde skipswerf Welgelegen yn Frjentsjer. Troch in ferkeap fan skipswerf Draaisma soe de sloophammer driigje foar it 150 jier âlde gebou, dat gjin monumint is.
© Historisch Centrum Franeker | Vrienden van de stad Franeker
It bestjoer fan de feriening Vrienden van de stad Franeker hat in brief skreaun oan it kolleezje en de gemeenteried fan Waadhoeke. De feriening hopet dat de polityk meihelpe kin om in oplossing foarinoar te krijen. Sy wolle graach dat der ûndersyk dien wurdt nei de wearde fan it pân.
De werf hjoed-de-dei © Vrienden van de stad Franeker
De bestjoersleden hearden fan de ferkeap troch saakkundigen op it mêd fan maritym erfgoed yn Harns. Op 1 jannewaris soe de werf ferkocht wurde oan SD-Projecten yn Emmen. Nei de ferkeap soe men fan doel wêze om de histoaryske opstallen op koarte termyn te slopen.

Yndustrieel erfgoed

Neffens de feriening giet it om bysûnder yndustrieel erfgoed. It is de lêste ambachtlike werf yn de stêd. De feriening hat ek in berop dien op de saakkundigens fan Erfgoedferiening Heemschut, Stichting Industrieel Erfgoed Friesland en BOEi (Nationale Maatschappij tot Restaureren & Herbestemmen van Cultureel Erfgoed)