Omwenners: "Lûdshinder by fleanbasis net earder sa slim as yn 2021"

16 des 2021 - 15:10

Bern dy't net mear bûten boartsje, húsgenoaten dy't inoar net mear ferstean; de lûdsklachten by de Ljouwerter fleanbasis wiene net earder sa slim as yn 2021.

Omwenners hawwe der in soad fan te lijen:

Dat jouwe ferskate omwenners oan yn de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis. Men is ek net tefreden oer de lette reaksjes fan de fleanbasis.

"It wie dizze hjerst it praat fan de dei", fertelt foarsitter Wiebe Nieuwsma fan Pleatslik Belang Stiens tongersdei yn de kommisje lûdshinder. "Lessen op skoalle koene net trochgean. Wy freegje ús dêrom ôf: kin Frisian Flag net op in oar plak yn Europa?" Hy hat it oer de ynternasjonale loftmachtoefeningen dy't alle jierren hâlden wurde.

Moannen gjin reaksje

Nieuwsma is ek min te sprekken oer de reaksje dy't de fleanbasis jout nei lûdsklachten. "Nei it yntsjinjen fan in klacht hearre je moannenlang neat."

Fleanbasis Ljouwert - Foto: ANP

"Ook voor veel mensen in Dronryp is de maat meer dan vol", seit Peter Tanghe fan Pleatslik Belang Dronryp. "Wij zijn al vele jaren in overleg, maar de overlast én de boosheid neemt alleen maar toe. De F-35 veroorzaakt een vreselijke herrie en veel overlast voor mens en dier. Als er geoefend wordt kunnen de scholen wel stoppen met lesgeven."

Hein de Haan yn de gearkomste fan de kommisje lûdshinder - Foto: Omrop Fryslân

Tanghe ferwyt de fleanbasis 'gegoochel met cijfers en data'. Neffens him hat de fleanbasis de omjouwing mei de saneamde 'belevingsvlucht' fan de F-35 foar it lapke hâlden.

'Helje net mear trainingen'

Hy hat ek in advys foar de fleanbasis: "Stop met het hier naartoe halen van allerlei trainingen en oefeningen. Zoals het nu gaat kan niet." Tanghe leaut der neat fan dat de lûdshinder binnen de talitbere lûdskontoeren bliuwt, sa't de fleanbasis seit.

Fanwegen de tanommen oerlêst wol de gemeente Ljouwert in ûndersyk ynstelle nei de sûnenseffekten fan de lûdshinder. Wethâlder Hein de Haan dielde dat tongersdei mei yn de gearkomste fan de kommisje.

Undersyk nei sûnensklachten

De Haan wol by dat ûndersyk safolle mooglik gearwurkje mei oare gemeenten en oerheden. Gemeente Waadhoeke docht yn alle gefallen mei, fertelde wethâlder Jan Dykstra fan dy gemeente. Wa't it ûndersyk útfiere sil is noch net dúdlik. De Haan is dêrfoar GGD Fryslân benei kaam, mar dy liet witte sa'n ûndersyk 'yngewikkeld' te finen.

Foto: ANP

De gemeente hat besletten ta in sûnensûndersyk omdat der hieltyd mear en slimmere klachten binnenkomme oer lûdshinder.

Klachtrekôr

Gerard Veldman fan Koarnjum-Jelsum tinkt dat it tal klachten dit jier útkomme sil op mear as 2.000, in absolút rekôr. "Tot en met augustus zitten we met 1.300 al op evenveel klachten as in geheel 2020." Der komme no yn ferhâlding mear klachten út doarpen dy't wat fierder fan de fleanbasis ôflizze. Veldman pleitet der foar dat it fleangedrach op de basis oanpast wurdt.

Gerard Veldman fan de kommisje lûdshinder oer de klachten út Dronryp en Stiens

Ut namme fan definsje jout basiskommandant Henk Doorten ta dat it tal klachten bot tanommen is. "Er zijn meer unieke melders, en er komen meer klachten gedurende de gehele dag in plaats van op specifieke tijdstippen. Er is hinder bij het thuiswerken, daar zijn we ons bewust van."

De yntinsje 'om de balans te herstellen'

Neffens Doorten hat de fleanbasis de yntinsje 'om de balans te herstellen'. Der rint in ûndersyk nei it beheinen fan de lûdshinder. "Ik heb niet veel regelruimte in hoeveel we vliegen, maar wel hoe we dat doen en op welke tijdstippen."

Doorten seit dat er it no net 'opportuun' fynt om yn Ljouwert in nije airshow te organisearjen. "Ik hoop de profielen te optimaliseren om zo de balans weer in de goeie richting te krijgen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)