HEA! De oaljekoeken fan Jeffrey
De spilers fan sc Cambuur dogge it mar goed op syn oaljekoeken. Se binne dan ek geregelde klanten by Jeffrey Jansen. Al mear as 20 jier stiet hy mei syn oaljekoekekream op it Cambuurplein yn Ljouwert. Jansen en syn frou komme út echte merkefamyljes. Simmers reizgje se mei attraksjes by de merken del en fan oktober ôf begjint de oaljekoekeferkeap wer.