Cambuurspiler Paulissen: no it foardiel fan in brede seleksje sjen litte

By Cambuur sille foar de bekerwedstriid tsjin NEC in oantal spilers rêst krije. Mees Hoedemakers wurdt nei alle gedachten ferfongen troch Mitchel Paulissen.
Cambuur hat in brede seleksje en moat dêr gebrûk fan meitsje, fynt Paulissen:
Hoedemakers is krekt werom fan in blessuere. Dat er no net meidocht, sil nei alle gedachten liede ta in basisplak foar Mitchel Paulissen. De middenfjilder spile tsjin Vitesse in ûngelokkige wedstriid en waard al yn de earste helte wiksele. Tsjin Willem II kaam er as ynfaller yn aksje en skoarde er in opmerklike goal.
Paulissen skeat de bal fan sa'n 40 meter yn de lege Willem II-goal. Dat is leuk, mar dat leit ek efter him, seit er: "Ik hoop dat ik deze week weer een goal kan maken. Het is mooi om in de basis te beginnen. Dan kun je in de wedstrijd groeien en daarin meegaan. Ik heb gewoon zin om weer te spelen."

Nocht yn it spul

Paulissen hat nocht oan de wedstriid tsjin NEC. "Het is een mooi affiche. Zij spelen ook leuk voetbal. We hebben er zin in en we willen hem winnen. Ik in de basis? Ja, zou kunnen. Het is een drukke week. Nu moeten we laten zien dat we een brede selectie hebben."
De wedstriid tusken SC Cambuur en NEC is tongersdei live te folgjen by Omrop Fryslân yn in ekstra radioprogramma. Dat begjint om 18.00 oere.
Letter op 'e jûn is der ek liveferslach fan it bekerduel sc Hearrenfean - De Treffers.