Nij taslaggesysteem moai foar takomst: "Ik hoopje dat se derfan leard ha"

De fjouwer koälysjepartijen sizze leard te hawwen fan de taslagge-affêre. De fergoeding foar de berne-opfang wurdt tenei net mear oan de âlden, mar oan de opfang betelle. Affêreslachtoffer Anoeska de Vries moat it earst noch mar sjen foardat se leaut dat it better wurdt.
Anoeska de Vries © Omrop Fryslân, René Koster
De Vries ferlear troch de affêre har baan en koe har eigen bedriuw net mear trochsette. Har wantrouwen yn it kabinet is bot oantaast. "It kabinet is begjin dit jier opstapt, mar deselde fjouwer partijen regearje no troch. Dus ik hoopje dat se derfan leard ha, mar dat moat earst noch mar blike."
Troch de nije regeling moat foarkaam wurde dat âlden jild werom betelje moatte. "Dat is in hiele soarch minder foar in hiel soad âlden. Foar âlden dy't it net allegear begripe mei it ynfoljen fan it papierwurk. Dêr is in protte yn misgongen."
Ik hoopje dat myn bern letter net de soargen ha dy't ik hân ha.
Anoeska de Vries
Dus mocht it yndie better wurde, dan is De Vries benammen bliid foar minsken dy't yn de takomst bern yn de opfang ha. "Foar de kommende generaasje fyn ik it prachtich. Foar myn eigen bern ek. Ik hoopje dat sy letter net de soargen ha dy't ik hân ha."
De Vries is sels noch net klear mei alle ellinde. "Ik ha myn kompensaasje en de erkenning hân. Dêrom liket it okee. Mar ik ha in hiel soad skea hân. Ik bin myn bedriuw ferlern. Der binne safolle dingen stikken makke, ik bin noch wer oan it opbouwen."