Gjin bekerstunt fan Harkemase Boys: RKC Waalwijk is te sterk

It bekeraventoer fan Harkemase Boys is foarby. Earedivyzjeklup RKC Waalwijk wie mei 0-5 te sterk foar de klup út de tredde divyzje.
De supporters fan Harkemase Boys begroetsje de spilers mei fjoerwurk © Orange Pictures
Earder yn it toernoai hienen de Boys wûn fan Katwijk en DOVO, mar RKC is fan in oar kaliber. De ploech út Waalwijk krige fia Finn Stokkers en Yassin Oukili ek de earste kânskes, mar de Boys bleaunen yn de begjinfaze ienfâldich oerein.
Opstelling Harkemase Boys: Jansema; De Jong, Achuna, Bruintjes (34. Bloeming), Voest (71. Sopacua); Postma, Van Duinen (71. De Graaf) , Bouius; Bentum (57. Slort), Visser (57. Margaritha) en Beimers.
Nei in lyts healoere waarden de kânsen stadichoan grutter. Sa moast Max de Jong in ynset fan Oukili fan de line helje. Efkes letter makke Stokkers sels in doelpunt, mar dat wie bûtenspul.
Trainer Jan-Piet Bosma:
De Boys liken mei 0-0 rjochting de klaaikeamers te gean, mar yn de 41ste minút waard it dochs 0-1. Joris Voest koe de bal net goed fuortkrije en Oukili skeat de ôffallende bal binnen.
Oukili is bliid mei de 0-1 © Orange Pictures
Noch gjin twa minuten letter waard it ek noch 0-2: in foarset fan de linkerside fan it fjild waard knap yn de goal kopt troch Stokkers.

RKC bliuwt gefaarlik

Ek nei it skoft wie RKC de gefaarlikste ploech. Lennerd Daneels wie mei in skot dat krekt oer de goal fleach sels hiel tichteby 0-3.
In minút letter wie it wol raak. Iloba Achuna makke in flater en Stokkers profitearre dêrfan: 0-3.
© Orange Pictures
Dêrnei naam RKC gas werom en koenen de Boys even aardich meikomme. Yn de slotfaze wie Berwout Beimers noch tichteby de earetreffer. Hy trochseach in weromspylbal fan RKC, mar skode de bal krekt njonken.
Max de Jong:
RKC makke noch wol twa doelpunten. Earst makke Thierry Lutonda in knappe oanfal fan RKC goed ôf en in minút letter waard it fia Saïd Bakari ek noch 0-5.
De Harkiten binne dêrmei útskeakele. Foar harren is it no winterskoft. De tredde divyzje leit nammentlik al in skoftke stil yn ferbân mei de coronamaatregels.