Kabinet: 3 miljard foar Lelyline, gjin nije fergunning gaswinning ûnder Waad

Ut de plannen fan it nije regear, dy't woansdeitemiddei presintearre binne yn Den Haag, docht bliken dat der 3 miljard frijmakke wurdt foar it oanlizzen fan de Lelyline. Ek wurdt yn de takomst gjin gaswinning mear tastien ûnder it Waad.
De koälysjelieders © ANP
Der wurde fûnsen reservearre om, mei finansiering út de regio en Europeesk jild, de Lelyline oan te lizzen. It giet yn totaal om in bedrach fan sa'n trije miljard euro.
De kommende perioade moat sjoen wurde hoe't de line, as ûnderdiel fan it Deltaplan voor het Noorden, bydrage kin oan de ekonomy fan it noarden fan Nederlân, de berikberens fan nij te ûntwikkeljen gebieten en bettere treinferbiningen mei it noarden fan Dútslân.
Avine Fokkens en Klaas Kielstra lêze it akkoart © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De tekst sa't dy stiet yn it regearakkoart:
We reserveren middelen om op termijn met medefinanciering vanuit de regio en uit Europese fondsen de Lelylijn te kunnen aanleggen. De komende periode werken we uit hoe de Lelylijn, in het kader van het Deltaplan voor het Noorden, kan bijdragen aan versterking van de economie van het Noorden, de ontsluiting van nieuw te ontwikkelen woningbouwgebieden en betere internationale treinverbindingen met het noorden van Duitsland.
Yn it provinsjehûs sprongen se in gat yn de loft doe't se it nijs oer de Lelyline hearden:
It regearakkoart hat ek wichtich nijs te melden oer de gaswinning ûnder it Waad. Sa sille yn de takomst gjin nije fergunningen ôfjûn wurde. Yn it akkoart stiet fierder dat de rinnende proseduere, oer gaswinning by Ternaard, 'afgerond wordt'. It is noch net hielendal dúdlik wat dat krekt betsjut.
It soe teoretysk sa wêze kinne dat de gaswinning by Ternaard de lêste is dy't in fergunning kriget. Wannear't dy proseduere fuortendaliks stopset wurdt, moat der in soad jild betelle wurde oan de NAM. Dêrom liket it der no op dat de proseduere ôfmakke wurdt, wêrby't de kâns hiel grut is dat de oanfraach de natuerfergunning net rûn kriget.
Der komt de kommende fjouwer jier 1 miljoen euro yn it jier besikber foar Thialf. Dat is it bedrach dat it iisstadion struktureel tekoart komt. Dat jild sit beflappe yn in strukturele bydrage fan 25 miljoen euro dy't beskikber komt foar it stimulearjen 'van sport en bewegen'.
De ferhierdersheffing wurdt skrast. Dat betsjut dat wenningboukorporaasjes wer mear jild útjaan kinne oan bygelyks wenningbou en de ferduorsuming fan besteande huzen.