Houtskeletbou IIBO It Hearrenfean oernaam troch Heijmans
Boukonsern Heijmans nimt it prefabboubedriuw IIBO op It Hearrenfean oer. It Fryske bedriuw makket houten dielen foar huzen dy't op it bouplak yninoar set wurde. VDM Woningen yn Droegeham wurdt ek ien fan de produksjelokaasjes fan Heijmans.
It personiel fan IIBO giet mei oer nei de nije eigener. Hoefolle oft Heijmans foar IIBO betelle hat, is net bekend makke.
Troch de grutte krapte op de wenningmerk en de wenningneed is der rap in soad nije wenromte nedich. Oant it jier 2030 moatte der sawat 900.000 wenten by boud wurde, sa hat it no demisjonêre kabinet earder bekend makke.
Heijmans hat as doel om oer in pear jier achthûndert oant tûzen houtskeletwenten yn it jier yn de fabriken klear te meitsjen. Takom jier sitte se yn de opstartfaze mei hûndert wenten.
Houtskeletbou
VDM sil Heijmans helpe mei ûnderfining op te dwaan mei houtskeletbou. Dêrnjonken giet Heijmans ek troch mei it bouwen fan huzen fan beton.