Piet Paulusma fiert 65ste jierdei; "Ik wurkje noch alle dagen mei plezier"

Foar waarman Piet Paulusma is dizze woansdei in bysûndere dei: hy fiert syn 65ste jierdei.
Taart foar de 65-jierrige Piet Paulusma © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar stie moarns betiid al mei taart foar syn hûs yn Harns. In doarbel koe se net fine, dus mar achterom. Piet nûge har deryn foar in bakje. "Bist net de earste dy't my lokwinsket, ik bin al belle en ha appkes hân."

Beskieden feest

Fanwegen corona kin er net in grut feest hâlde, dus hy hâldt it beskieden. "Jûn komme de bern." Foar de measte minsken komt it pensjoen yn sicht as se 65 jier wurde. Hoe is dat foar Piet? "Dy fraach krij ik geregeld, mar ik wurkje noch alle dagen mei plezier, mar sil op termyn wol ôfbouwe."
Yn al dy jierren ha ik my sa'n fjouwer of fiif kear ferslept. As dat bart, ha ik goed de pest yn.
Piet Paulusma
Neist waarman by Omrop Fryslân is er dat ek foar Omroep Max en ferfanger by RTV Noord. "En ek social media komt derby." Hy hat sân minsken oan it wurk. "Ik kin my yntinke dat ik as earste ophâld mei de betide radio, dat is om healwei sânen. Mar safier is it noch net." Syn wekker giet om kertier foar seizen moarns. "Yn al dy jierren ha ik my sa'n fjouwer of fiif kear ferslept. As dat bart, ha ik goed de pest yn."

Libben kinst net planne

It liket oft Piet Paulusma noait frij hat, mar hy hat wolris fakânsje. "Dan kin ik my wol goed deljaan hear." Plannen hat er noch net as er mei pensjoen sil. "It libben kinst net planne, dat is in proses. Doe't ik op de havo siet, wist ik ek net dat ik waarman wurde soe. Kinst wol planne, mar it rint faak oars."

Alvestêdetocht

As er 66 jier en sân moannen is, krijt er offisjeel pensjoen. "Ik sil it ferantwurde ôfbouwe, soks moatst net yn ien kear dwaan. Foarearst binne jim noch net fan my ôf, as it oan my leit. En as der in Alvestêdetocht komt, sil ik ek op myn tachtichste mei leafde oer it waar fertelle. Mar dy tocht komt earder hear, binnen fiif jier."
Ferline jier fierde Piet Paulusma ek al in oar jubileum: doe wie er 35 jier by Omrop Fryslân.
Piet Paulusma ûnder syn earste telefyzje-útstjoering yn 1994 © Omrop Fryslân