Operaasje Fryske Flagge: Jappie syn Australyske bern wolle werom nei Wurdum

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Jappie van der Land yn Australië.
Jappie van der Land yn Australië © Eigen foto
Van der Land komt fan Wytgaard en Wurdum. Mids jierren tachtich, doe't er 32 jier wie en frachtweinsjauffeur, ferhuze er nei Australië ta. "Ik hie hjir twa kear west op fakânsje. Dat foldie my bêst. En ik hie myn nocht fan myn wurk, dat ik tocht: ik moat hjir mar hinne."
Ik tocht: wow, dêr wol ik even mei prate.
Jappie wie fuortendaliks ûnder de yndruk fan syn úteinlike frou Mary
It hat úteinlik de bêste fakânsje west dy't Van der Land ea hân hie: hy hat syn frou deroan oerholden. "Ik wie op de Salomonseilannen mei freonen. Doe trof ik Mary yn in lyts doarpke. Ik tocht: wow, dêr wol ik even mei prate. In wike letter wienen we ferloofd en in jier letter troud."
Dy rappe ferloving hie ek mei de kultuer te meitsjen: "Dan kinne je byelkoar wêze, minsken kinne der dan net ferkeard oer prate. Oars kin it grutte swierrichheden opsmite, as je even mei in famke prate. Dêr binne se hiel strang yn. As je ferlove, krijt elkenien yn it doarp dat te witten en kinne se der neat fan sizze."
Mary gong mei Van der Land mei nei Australië ta. "Dat gie poerbêst."

Gelske, Sjoukje en Stuart

Yn 1994 binne se troud. Yntusken wenje se mei trije bern yn in frijsteand hûs yn it doarpke Batlow. De nammen? Gelske, Sjoukje en Stuart. "Us heit syn namme wie Tjeerd, mar dat wie ûnmooglik foar de minsken om hjir út te sprekken. Gelske gong noch wol, mar Sjoukje wie ek al hiel dreech."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.
Se binne der noch hartstikke gelokkich. Hiel út en troch geane se nei Fryslân ta. "De bern ha der no in pear kear west. Yn 2000 wie Stuart in healjier âld. De bern wienen sa lyts, dy ha der neat fan ûntholden. Yn 2013 ha we werom west. In wike as seis, by freonen yn Boazum. We ha in wike op Skiermûntseach west. De Wurdumer merke fûnen se ek geweldich."
De bern wolle wol faker nei Fryslân ta. "Beide dochters ha partners, dy wolle har manlju nei Fryslân ta bringe. It hat se sa goed foldien." Se wolle sels wol yn Fryslân wenje, mar dan wol graach yn Wurdum.