Gjin publyk by OKT en EK yn Thialf: "Schadepost van zeven cijfers"

Sawol it olympysk kwalifikaasjetoernoai as it EK ôfstannen wurde de kommende wiken yn in leech Thialf ferriden. Foar de KNSB betsjut dat in "substantiële schadepost. Dan hebben we het over een getal van zeven cijfers."
Lege tribunes yn Thialf ferline seizoen: dat is kommende wiken wer sa © Orange Pictures
Dat seit Jeroen Kraaij, kommersjeel direkteur fan reedrydbûn KNSB, tsjin de NOS. It bûn waard net ferrast troch de ferlinging fan de coronamaatregels. "We hielden al twee weken rekening met dit scenario. Organisatorisch waren we hier op voorbereid. Vorig jaar hebben we ook al met dit bijltje gehakt. We gaan er maar het beste van maken."
Kraaij seit dat de KNSB opnij op finansjele stipe rekkenet. "Er is nog geen concrete toezegging gedaan door het ministerie van VWS. Maar we rekenen erop dat het naar volle tevredenheid wordt opgelost. Al blijven we, ondanks dat, met een fikse kostenpost zitten."

70.000 kaartsjes

It olympysk kwalifikaasjetoernoai is fan 26 oant en mei 30 desimber. Nederlânske riders kinne dan startbewizen fertsjinje foar de Winterspelen yn Peking. Foar it toernoai yn Thialf wienen in lytse 50.000 kaarten ferkocht.
Op 7, 8 en 9 jannewaris is it EK ôfstannen yn itselde iisstadion. Dêrfoar wienen sa'n 20.000 tickets de doar útgongen.

Safolste toernoai

It ôfrûne seizoen wie der ek al gjin publyk by it riden op It Hearrenfean. Doe gong it om tal fan toernoaien: de NK's ôfstannen, allround en sprint, it WK-kwalifikaasjetoernoai, twa wrâldbekers, de EK's allround en sprint én it WK ôfstannen.
"Schaatsen anno nu is een televisiesport", seit Kraaij. "We gaan er daarom maar een feest van maken voor de televisiekijkers thuis."
It olympysk kwalifikaasjetoernoai reedriden krijt fansels ek wiidweidich omtinken by Omrop Fryslân. Op de radio binne we der alle dagen by mei liveferslach.