Hieltyd mear jild, mar hieltyd minder skriezen: 'Belied wurket net'

It belied om greidefûgels lykas de skries te beskermjen en te behâlden foar it Nederlânske lânskip wurket net. Sûnt it begjin fan dizze iuw is it bedrach dat boeren krije kinne foar beskermjende maatregels acht kear sa heech wurden, mar it tal skriezen is troch de helte gien.
Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It belied fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit is dus gjin sukses. It kin wol better. Dy konklúzje lûkt de Algemiene Rekkenkeamer yn it rapport Waar is de Grutto?

'Te iensidich'

It rapport is tiisdei oanbean oan de Twadde Keamer. Demisjonêr lânbouminister Carola Schouten, dy't it rapport earder ynsjen mocht, fynt de konklúzjes fan de Rekkenkeamer 'te iensidich'. Sy sjocht wol positive ûntjouwings, al groeit de greidefûgelstân noch net.
De skries is as nasjonale fûgel fan Nederlân it ikoan fan de greidefûgels. Moandei waard bekend dat der dizze maitiid opnij te min skriezen grut wurden binne.
Belied om greidefûgels te beskermjen komt al út 1975. Nei goed 45 jier giet it dus noch hieltyd net goed mei dy fûgels, neffens de Rekkenkeamer.

Fan 60.000 nei 30.000 briedpearen

Yn 2001 wie der 4,2 miljoen euro oan subsydzje beskikber foar beskermjende maatregels. Yn 2020 wie dat bedrach groeid ta 33,4 miljoen euro. It tal briedpearen fan de skries is yn dyselde perioade fan 60.000 nei 30.000 sakke. Mear as de helte fan alle skriezen op 'e wrâld briedt yn Nederlân.
Boeren wurkje wol mei mei it skriezebelied, seit de Rekkenkeamer. Mar dat bart mar op 15 prosint fan it totale tal ikkers dat dêr geskikt foar wêze soe, benammen yn Noard-Nederlân en yn it Griene Hert.

Bettere maatregels mooglik

Boppedat kieze boeren hast altyd foar subsydzje foar it markearjen fan nêsten, sadat dy net ûnder de trekkers bedarje. Bettere maatregels binne it oanlizzen fan tydlike greppels en it ferheegjen fan it grûnwetterpeil. Dat soarget foar ynsekten dy't de fûgels ite kinne en hâldt rôfbisten op ôfstân.
De minister wit net wêr't it subsydzjejild krekt oan útjûn wurdt. Se soe stjoere moatte op de goede karren, is in oanbefelling.

Rekkenkeamer skeptysk oer Aanvalsplan Grutto

Schouten wiist op it nije Aanvalsplan Grutto, dat natuerorganisaasjes makke ha. Sy hat dat 'omearme', seit se. Yn it plan steane tal fan nije maatregels. De Rekkenkeamer bringt dêrtsjin yn dat der wol mear fan soksoarte plannen west ha, mar dat dy ek net wurken.

Fûgelbeskerming hopet op nije kabinet

De Fûgelbeskerming is net fernuvere troch de konklúzjes fan de Rekkenkeamer. It is 'fiif foar tolven' foar de greidefûgels, neffens de organisaasje. Oer it Aanvalsplan Grutto is de Fûgelbeskerming wol diels posityf, mar der is in "werkelijke omslag in het beleid voor agrarisch natuurbeheer" nedich om de skriezepopulaasje op peil te krijen.
De natuerbeskermingsorganisaasje hopet dat it nije kabinet dêrmei oan de slach giet.