Harkemase Boys net benaud foar RKC: "We binne net mei dy lui dwaande"

Op in fierder leech en tsjuster sportpark De Bosk brâne de ljochten allinnich op ien trainingsfjild. In seldsum byld yn tiden fan in jûnslockdown. Mar dat is net foar neat: Harkemase Boys traint foar de lêste kear foar de bekerwedstriid tsjin earedivyzjonist RKC Waalwijk.
Harkemase Boys riedt him ta op de wedstriid fan it jier:
Amateurklups meie nei fiven net mear traine. Mar om't Harkemase Boys yn it haadtoernoai spilet fan de KNVB-beker kin trainer Jan-Piet Bosma noch wol oan de slach mei syn groep. De fraach is allinnich hoelang noch.
Want de wedstriid tsjin RKC is woansdeitejûn. Mochten de Harkiten ferlieze, dan is it foarearst ek klear mei de trainingen. Dat is fan lettere soarch foar Bosma. Earst moat er syn ploech tariede op it treffen mei de Noard-Brabanners.
"Sa lang mooglik yn de wedstriid bliuwe, dat is it doel", fertelt de trainer fan Harkemase Boys. "Je moatte wol reëel wêze. Wy moatte in topdei ha en sy in minne dei. Dan komt it goed."
De lêste training fan Harkemase Boys yn oanrin nei it bekerduel © Orange Pictures
De seleksje fan Harkemase Boys libbet al wiken ta nei dit bekerduel, wit oanfierder Henny Bouius. "Sûnt de foarige bekerwedstriden tsjin Katwijk en DOVO wisten wy dat dizze wedstriid deroan kaam. Doe't de kompetysje stil kaam te lizzen, wie der noch mar ien ding en dat wie dizze wedstriid. It is seker de wedstriid fan it jier."

Publyk wurdt mist

Dêr slút Bosma him by oan. "Foar de klup is it fantastysk. En foar de jonges ek." Dochs mist der wol wat woansdeitejûn: "It bliuwt in iepen doar, mar it is spitich dat der gjin publyk by is."
Dat fynt Bouius ek: "We misse se enoarm, dat fernimst gewoan. It moat no út ússels komme. Dat komt ek wol goed, allinnich se kinne dy krekt efkes oer it deade punt helpe."
It leafst hiene we twatûzen stewards hân woansdeitejûn.
Harkemase Boys-foarsitter Sippe Heeringa
Dat der gjin publyk by de wedstriid oanwêzich wêze mei, kostet Harkemase Boys sa'n tsientûzen euro. Dat is alteast de rûzing fan foarsitter Sippe Heeringa. "En dêr soene de ynkomsten út de kantine noch bykomme."

Nije klaaikeamers

Neffens de Boys-foarsitter soene yn normale tiden minimaal twatûzen taskôgers op it duel ôfkomme. Dat kin no net, al hie der wol in kreative oplossing west: "It leafst hiene we 2.000 stewards hân woansdeitejûn", laket Heeringa.
Nettsjinsteande dat der gjin publyk is, smyt dizze wedstriid wol jild op foar de klup. De startpreemje yn dizze ronde leit neffens Heeringa op sa'n 25.000 euro. Dat krijt de klup wol en sil Harkemase Boys brûke foar de bou fan nije klaaikeamers.
Trainer Jan-Piet Bosma fan Harkemase Boys © Orange Pictures
In spiler dy't de kreaker tsjin RKC woansdei misse moat, is Mart Dijkstra. De âld-spiler fan ûnder oaren SC Cambuur pakte nammentlik read yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Sparta Nijkerk. Dêrtroch is er skorst.

"Domme actie"

"Dan moet je op de blaren zitten en helaas is dat woensdag ook het geval", jout Dijkstra earlik ta. Boppedat is de âld-proffuotballer skuldbewust. "Als je zo'n domme actie maakt, ben je op dat moment niet bezig met de consequenties. Ik heb twee wedstrijden schorsing gekregen en daar mag ik mijn handen mee dichtknijpen."
Hy baalt dat er net by de wedstriid fan it jier is. Al hopet Dijkstra stikem dat der nóch in wedstriid fan it jier komt. "Het wordt 2-1 voor ons en dan spreken we af dat er nog een wedstrijd van het jaar komt en ik daar wél bij ben", laket de ferdigener.
It giet net konstant oer RKC, kom op man.
Jan-Piet Bosma, trainer fan Harkemase Boys
Werom nei it trainingsfjild. Dêr falt op dat trainer Jan-Piet Bosma de namme fan tsjinstanner RKC Waalwijk gjinien kear neamt. Hoe sit dat? "Wy binne net mei dy lui dwaande. Wy geane út fan eigen krêft. Wat moat ik dan sizze? RKC dit en RKC dat? It giet net konstant oer RKC, kom op man."
It mei dúdlik wêze. Op De Harkema sjogge se RKC wol kommen. Oanfierder Henny Bouius hat der in ôfgryslik soad nocht oan. "Dy oefenwedstriidsjes hawwe je op in gegeven momint neat mear mei. Sa'n bekerwedstriid, dêr dogge je it foar."
De wedstriid tusken Harkemase Boys en RKC Waalwijk is woansdei live te folgjen by Omrop Fryslân yn in ekstra radioprogramma. Dat begjint om 18.00 oere en it kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
In dei letter, op tongersdei, is der wer in ekstra sportprogramma op de radio fan 18.00 oere ôf. Dan mei live-ferslach fan de wedstriden SC Cambuur-NEC (Geert van Tuinen) en sc Hearrenfean-De Treffers (Arjen de Boer).