498 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 498 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 150 minder as moandei. Doe waarden 648 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It is foar it earst sûnt 14 novimber dat der minder as 500 besmettingen op ien dei meld binne.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 674 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 722 besmettingen, in wike lyn op 806.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Dantumadiel.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (2) en Opsterlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.852 It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 16.640.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.