Fertochte fan belutsenheid by dea Ida Klijnstra op frije fuotten

De 34-jierrige fertochte út Wolvegea dy't fêstsiet foar belutsenheid by de dea fan Ida Klijnstra komt foarearst frij. It gerjochtshôf fan Ljouwert hat de hechtenis fan de man opheft.
Ida Klijnstra-Kuipers © Omrop Fryslân
Ida Klijnstra-Kuipers waard yn 2008 dea fûn yn har wenning yn De Blesse. Yn novimber waard bekend dat der twa fertochten oanholden binne. Neist de man út Wolvegea waard ek in 39-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden. Dy fertochte sit noch wol fêst.
It giet om de soannen fan de 50-jierrige man út Frjentsjer dy't sjoen waard as de haadfertochte. Hy deade himsels doe't de plysje him oppakke woe.

Heger berop

Ein novimber bepaalde de rjochtbank dat de fertochte út Wolvegea 90 dagen langer fêstsitte moast. Advokaat Tjalling van der Goot gie dêr tsjin yn berop. It gerjochtshôf hat dat berop dus honorearre.
De ferwachting is dat yn febrewaris 2022 in iepenbiere sitting komt oer de saak.