KNVB stelt Fryske assistinten oan foar de Fryske derby

De KNVB hat Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk oansteld as assistint-skiedsrjochters foar de Fryske derby op snein. SC Cambuur en sc Hearrenfean nimme it dan yn de earedivyzje om 12.15 oere tsjininoar op yn it Cambuurstadion.
© Orange Pictures
Beide assistinten litte oan Omrop Fryslân witte hiel bliid te wêzen mei dizze oanstelling. It wurdt foar De Vries syn tredde derby. Steegstra die ien kear earder it treffen tusken Cambuur en Hearrenfean.
Danny Makkelie hat de lieding by it duel. Hy wurdt fierder bystien troch Laurens Gerrets as fjirde offisjal, en yn Zeist foarmje Sander van der Eijk en Sjoerd Nanninga it VAR-team.

De Fryske derby by Omrop Fryslân

Fan tongersdei ôf is der alle dagen omtinken foar de Fryske derby. We sjogge foarút mei Cambuur-spiler Doke Schmidt, dy't syn karriêre begûn by sc Hearrenfean. En we sykje Feanster stjerspiler Joey Veerman en Cambuur-oanfierder Erik Schouten, dy't goed befreone binne, op yn Volendam.
Op freed en sneon traine beide klups noch foar it duel op snein. Alles wat der op en by de trainingen plakfynt, is te folgjen by Omrop Fryslân. Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.