Alle folwoeksenen kinne yn jannewaris boosterprik krije

Alle Nederlanners fan 18 jier en âlder dy't op syn minst trije moannen lyn folslein faksinearre binne of opknapt fan it coronafirus, kinne yn jannewaris in boosterprik krije. Dat hat demisjonêr minister Hugo de Jonge oankundige yn de coronaparsekonferinsje.
Demisjonêr minister Hugo de Jonge © ANP
De Jonge seit dat dat nedich is om Nederlân goed te beskermjen tsjin de omikronfariant fan it firus. "Booster voor je eigen gezondheid, voor kwetsbaren en om de zorg beschikbaar te houden voor iedereen."
Neffens De Jonge giet it no stadichoan better mei de coronasifers. De pyk fan de saneamde 'deltagolf' is foarby, tinkt er. "Maar net nu we delta onder de duim beginnen te krijgen, doemt omikron op."

'Serieus zorgen over omikronvariant'

Op it stuit feroarsaket de omikronfariant yn Nederlân sa'n 1 prosint fan alle besmettingen. Yn Amsterdam is dat 3 prosint. Mar al rap sil dat oandiel grutter wurde. "We maken ons serieus zorgen over de nieuwe omikronvariant. Zorgen maken helpt niet, vaccineren wel. Twijfelde je over een vaccinatie, dan is deze omikronvariant dé reden om daar opnieuw over na te denken", ropt De Jonge op.
Hy seit dat de faksins op it stuit noch wol 'behoarlik goed' helpe tsjin de deltafariant, mar dat in boosterprik nedich is foar in goede beskerming tsjin de omikronfariant. "Dan kunnen we de omikrongolf vertragen en verlagen."
Dit leidt onherroepelijk tot leervertragingen en allerlei praktische problemen.
Demisjonêr premier Rutte oer de langere krystfakânsje op basisskoallen
Yn deselde parsekonferinsje fertelde demisjonêr premier Rutte dat basisskoallen in wike earder krystfakânsje krije. Fan takom wike ôf binne basisskoallen, skoallen foar spesjaal ûnderwiis en bûtenskoalske opfangen ticht. "We hebben moeilijke gesprekken gehad. Dit leidt onherroepelijk tot leervertragingen en allerlei praktische problemen. Maar we konden het signaal van de omikronvariant niet negeren."

Maatregels oant en mei 14 jannewaris

Fierder wurde de maatregels dy't op it stuit jilde ferlinge oant en mei freed 14 jannewaris. Dat betsjut dat de measte winkels allinnich iepen meie tusken 5.00 en 17.00 oere, dat der gjin publyk by sportwedstriden wêze mei en dat op in soad plakken it coronatagongsbewiis en in mûlkapke ferplicht is.
Stipepakketten wurde dêrom ek ferlinge, kundiget Rutte oan. "We realiseren ons heel goed dat het ontzettend ingrijpend en verdrietig is. Die pijn kunnen we helaas niet zomaar wegnemen. We vragen veel aanpassingsvermogen van ondernemend Nederland."
Dêrnjonken bliuwt it advys fan krêft om net mear as fjouwer minsken thús te ûntfangen. "Er komt dus ook geen uitzondering voor de kerstdagen en oud en nieuw. Juist de mensen die ons lief zijn, moeten we willen beschermen."

Reewilligens wurdt grutter

Oer ien feit wie Rutte optimistysk: yn in resint ûndersyk kaam nei foaren dat de reewilligens fan minsken om har oan de maatregels te hâlden grutter wurdt. "Blijkbaar willen we dat voor elkaar doen. En blijkbaar geloven mensen vaker dat hun eigen gedrag het verschil kan maken. Dat is een vorm van vertrouwen in elkaar. Daar ben ik blij mee, zeker met het oog op wat er nog op ons af kan komen."