Liveblog | 14 desimber 2021

Coronanijs 14 desimber: Alle maatregels ferlinge oant 14 jannewaris

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 14 desimber 2021, 22:33
22:30

Oant moarn!

Oant safier it liveblog fan moandei 13 desimber. Tank foar it folgjen, moarn is der wer in nij liveblog.
22:21

Gjin lanlike ôfspraken oer help húsdokters by boosters

De lanlike húsdokterferiening (LHV) docht in oprop oan de oansletten húsdokters om te helpen by de boosterfaksinaasje tsjin it coronafirus, as se dat kinne. De help is wol frijwillich, lit de organisaasje witte: der komme gjin lanlike ôfspraken oer de help.
Demisjonêr soarchminister Hugo de Jonge wol it tempo fan de boosterprikken omheech smite. De húsdokters soenen dêrby helpe moatte. Mar neffens de LHV ha húsdokters yn in soad regio's hielendal gjin romte om by te springen, "omdat het daar al moeilijk is om de reguliere huisartsenzorg in de lucht te houden".
21:48

Gjin publyk by Fryske derby

In leech Cambuurstadion © Orange Pictures
Gjinien hie der noch op rekkene dat der wol publyk by wêze koe, mar sûnt de parsekonferinsje fan jûn is it offisjeel: de Fryske derby tusken Cambuur en Hearrenfean is snein sûnder publyk.
It is foar it earst sûnt jannewaris 2016 dat de twa teams tsjinelkoar spylje yn in offisjele wedstriid. No't it demisjonêre kabinet besletten hat dat de coronamaatregels ferlinge wurde oant en mei 14 jannewaris, betsjut it dat der oant dy tiid ek gjin publyk by sportwedstriden wêze meie.
21:07

Publyk ek net wolkom by olympysk kwalifikaasjetoernoai reedriden

Yn ferbân mei de coronamaatregels wurde sawol it olympysk kwalifikaasjetoernoai as it EK ôfstannen de kommende wiken yn in leech Thialf ferriden. Foar de KNSB betsjut dat in "substantiële schadepost. Dan hebben we het over een getal van zeven cijfers."
20:43

Boargemasters tinke oan strangere maatregels

De boargemasters fan it Veiligheidsberaad hâlde rekken mei strangere maatregels yn ferbân mei de omikronfariant fan it coronafirus. Neffens foarsitter Hubert Bruls moatte je net te lang wachtsje mei it nimmen fan maatregels. "Ook al is dat niet wat we willen horen met z'n allen."
© ANP
20:18

"Van scholen kan niet het onmogelijke worden verwacht"

De PO-Raad fynt dat it kabinet te let besletten hat om de basisskoallen te sluten. "Dat brengt onnodig veel onrust met zich mee voor scholen, onderwijspersoneel, ouders en leerlingen", seit foarsitter Freddy Weima.
"Bij heldere en tijdige besluitvorming was het mogelijk geweest alles goed te regelen. Daar drongen wij vorige week op aan. Scholen zetten zich in om de noodopvang te organiseren, omdat we weten hoe belangrijk dit is. Maar van scholen kan niet het onmogelijke worden verwacht."