Gigantyske moannefisk oanspield op it strân fan It Amelân

Op it strân fan It Amelân is moandei in deade moannefisk oanspield. It giet om de grutste moannefisken dy't ea oanspield is oan de Nederlânske kust.
© Facebook, RTZ & Dierenambulance Ameland
Meiwurkers fan RTZ & Dierenambulance Ameland en Natuurcentrum Ameland ha it bist út it wetter helle. Op it strân die bliken dat de moannefisk hast twa by twa meter grut wie. It gewicht fan in folwoeksen eksimplaar is yn trochsneed 1000 kilo.
De moannefisk wurdt foar ûndersyk oerbrocht nei Naturalis yn Leiden. Dêr moat ek dúdlik wurde hoe swier oft it bist is.
Yn 2013 spielde ek al in deade moannefisk oan op It Amelân en noch in jier earder waard in libben eksimplaar fûn. Ek op Skylge is alris in deade moannefisk oanspield. Dat wie yn 2018.