Tal falliseminten rint lanlik op, mar skea yn Fryslân falt noch ta

Skuldhelpferlieners krije it hieltyd drokker, no't hieltyd mear bedriuwen en ek partikulieren de rekkens net mear betelje kinne. It hat benammen te krijen mei it feit dat de stipepakketten fan de oerheid ôfboud binne en doarwarders ek wer oan der slach binne.
Arnold Zwaagstra © Omrop Fryslân
It tal falliseminten yn Fryslân falt ta. It ôfrûne jier wienen it der in lytse 70. Lanlik sjoen rint it no behoarlik op. Yn novimber allinnich wienen it der 166, yn oktober 106.
Neffens Arnold Zwaagstra fan Bureau Benedictus yn Garyp, in bedriuw dat spesjalisearre is yn skuldhelpferliening oan ûndernimmers en partikulieren, rint Fryslân altyd efter it lanlike byld oan. "Ik weet niet of dit stilte voor de storm is. Het zou niet raar zijn als er een bedrijf omvalt. Dat hoort bij een gezonde economie."
Ze hebben de tijd en energie niet meer om dat te doen.
Arnold Zwaagstra oer ûndernimmers dy't twivelje oft se noch wol troch wolle
In soad bedriuwen binne mei help fan de oerheidsstipe oerein bleaun. No't dy stipe foar in part ôfboud of fuortfallen is, nimme de problemen ta. By Bureau Benedictus sjogge se hieltyd mear ûndernimmers dy't net witte oft se noch wol troch wolle.
"Zij geven aan dat ze voor de keus staan of ze wel door moeten. Draaien ze volgend jaar een 'normale' winst dan moeten zij alles terugbetalen. Daar hebben ze dan 12 jaar voor nodig. Ze hebben de tijd en energie niet meer om dat te doen", seit Zwaagstra.

Skuldhelpferliening oan partikulieren

Wat ek hieltyd mear foarkomt, is de skuldhelpferliening oan partikulieren. "Sinds de zomer is het aantal aanvragen met 500 procent gestegen. Het gaat dan om huisuitzettingen, mensen die de huur niet meer kunnen betalen. Wij proberen dat dan te voorkomen."
Dat krekt yn dizze groep de helpfraach tanimt, komt om't de doarwarders wer oan de slach binne. In skoft lang ha sy gjin hûsútsettingen dien. Dat dogge se sûnt de simmermoannen al wer.