Van der Weijden swimt 80.000 euro byinoar, yn 2023 Alvestêdetriatlon

Maarten van der Weijden wol yn 2023 de Alvestêdetocht yn triatlonfoarm ôflizze. Dat makke hy moandeitejûn bekend by de finish fan syn firtuele swimtocht yn Dokkum.
Maarten van der Weijden swimt de lêste meters:
Yn fjouwer dagen hat Van der Weijden sa'n 80.000 euro byinoar swommen. Syn doelbedrach wie 35.000 euro, dat hat er dus mear as ferdûbele. De opbringst fan de aksje is bedoeld foar ûndersyk nei kanker by minsken mei in ferstanlike beheining.
Van der Weijden begûn freedtemoarn yn in spesjaal streamingsswimbad yn Dokkum oan syn swimtocht fan fjouwer dagen. Hy swom alle dagen likernôch 50 kilometer. Yn syn swimbad gie hy symboalysk alle alve Fryske stêden by del. Om him te stypjen koene minsken yn inselde soart swimbad neist him in stikje meiswimme.
© Omrop Fryslân
Yn 2023 wol Van der Weijden de Alvestêdetocht yn triatlonfoarm dwaan. Hy sil dan 200 kilometer swimme, 200 kilometer fytse en 200 kilometer rinne.
"Nu was het fantastisch om de Elfstedentocht virtueel te zwemmen, in een lekker warm zwembad. Maar ja, de echte Elfstedentocht is natuurlijk wel wat anders", sei de swimmer. "En daarom zal ik rondom juni 2023 opnieuw het Friese water ingaan en zal ik weer langs de elf steden zwemmen. Dit keer niet voor de Elfstedentocht, maar voor de Elfstedentriathlon."
Van der Weijden fytst fuort:
Nei't Van der Weijden klear wie mei syn 200 kilometer lange swimtocht is er op de fyts stapt om mei in groepke fan Dokkum nei Ljouwert te fytsen.
Op in fyts mei pompeblêden kaam er oan by de Aldehou yn it sintrum fan Ljouwert.
© Kappers Media