Dochs net genôch skriezepiken grut wurden om soarte yn stân te hâlden

Der binne dizze maitiid dochs net genôch skriezepiken grut wurden om de soarte yn stân te hâlden. Dat docht bliken út in stúdzje fan Sovon Vogelonderzoek yn gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins yn opdracht fan Vogelbescherming Nederland.
Jonge skries yn it fjild © Omrop Fryslân
Nei dizze wiete en relatyf kâlde maitiid liket dat foar in grut oantal greidefûgels goed út te pakken. Ek foar de skries yn Fryslân, mar by dit nije ûndersyk is sjoen nei kleurringen en hoefolle oft jonge skriezen mei kleurringen wer sjoen binne.
Dizze metoade wurdt al fan 2012 ôf brûkt. En dêrút komt dat der nei alle gedachten 8.700 piken grut wurden binne. Om it hjoeddeistige oantal skriezen te behâlden, hearre dat der eins 12.000 te wêzen.
In mooglike ferklearring foar it feit dat de resultaten nei eardere optimistyske lûden dochs ôffalle, is dat de tellings yn de greiden ditkear yn de measte gefallen dien binne foardat de earste snee gers der ôfhelle waard en dat der by it meanen dochs in soad jonge fûgels dea rekke binne, sa lit de fûgelbeskerming witte.

Gjin slagge briedseizoen

Vogelbescherming Nederland fynt it dêrom gjin slagge briedseizoen. Al binne yn fergeliking mei de lêste njoggen jier yn trochsnee wol sân prosint mear piken grut wurden. En it is dúdlik dat in wiete omjouwing in soad fertuten docht as je de skriezen in kâns jaan wolle om mei sukses te brieden.