Suzanne Schulting nominearre as Sportfrou fan it Jier

Shorttrackster Suzanne Schulting is nominearre foar de titel fan Sportfrou fan it Jier. De shorttrackster nimt it yn dy kategory op tsjin atlete Sifan Hassan en hurdfytster Annemiek van Vleuten.
© Orange Pictures
Om't it NOC*NSF Sportgala ferline jier skrast waard, rinne de nominaasjes oer de ôfrûne twa jier. Opfallend is dat deselde trije froulju ek by it Sportgala fan 2019 de trije nominearren wiene.
Dit jier wûn Schulting it WK shorttrack troch alle ôfstannen te winnen. Sjueryfoarsitter Bas van de Goor leit út: "We kijken hoe groot een sport wereldwijd is, of het in de top dicht bij elkaar zit, wat voor soort evenement het is, welke impact de prestatie heeft op het Nederlands publiek en tot slot of het een hoofd- of bijnummer in de sport betreft."

Ek Van der Wal makket kâns

Neist Schulting is der noch in Fries dy't kâns makket op in priis. Coach Eelke van der Wal fan Holwert is nominearre as Coach fan it Jier.
Van der Wal is trainer fan de paralympyske hurdfytsploech, mei ûnder oare Olympysk kampioen Tristan Bangma. Hy moat it opnimme tsjin Hugo Haak, coach fan de baanhurdfytsers, en Laurent Meuwly, dy't de atleten op de 400 meter en de 4x400 meter begeliedt.

Gjin Sportgala mei publyk

De prizen wurde op woansdei 22 desimber útrikt yn in spesjale telefyzje-útstjoering. Dêryn wurdt werom sjoen op de moaiste sportmominten fan de ôfrûne twa jier.