Wieling slút Alvestêdetocht net út; oplossing sykje binnen coronabeheiningen

Hoe komt it mei de Alvestêdetocht, as der genôch iis leit en corona noch hieltyd net fuort is? It wie ien fan de wichtichste ûnderwerpen op de digitale ledegearkomste fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden.
Wieling slút Alvestêdetocht net út; oplossing sykje binnen coronabeheiningen
By de digitale gearkomste meie de leden der net fysyk by wêze. It is al de twadde kear op rige dat se online gearkomme. Gewoanwei komme der sa'n 500 oant 600 leden nei it Ljouwerter WTC. No wienen 361 leden online.
Yn syn iepeningswurd spruts foarsitter Wiebe Wieling oer klimaatferoaring en dat dy ek gefolgen hat foar de Alvestêdetocht. De ôfrûne tiid hat it bestjoer hurd wurke oan it oanpassen fan de draaiboeken.

Oplossing sykje binnen beheiningen

Ferline jier sei Wieling al yn novimber dat yn de coronatiid gjin tocht organisearre wurde koe. Dit jier hie er in oar boadskip; dat se in oplossing betinke binnen de beheiningen, Dat komt ûnder oare troch de hege faksinaasjegraad. Wat de coronamaatregels yn jannewaris en febrewaris binne, is noch net bekend, mar it bestjoer wol sjen nei wat mooglik is.
Mar... foar in tocht moat foaral de natuer earst syn wurk dwaan.
Wiebe Wieling
Winners fan 1997 Henk Angenent en Klasina Seinstra © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De lêste organisearre tocht is al hast 25 jier lyn yn 1997. Winners wienen doe Henk Angenent en Klasina Seinstra.

Weromsjen

It liket mear in skiednisferhaal te wurden, in tocht fan weromsjen. Dat docht winneres Klasina Seinstra ek. "It is moai om werom te tinken", seit se. "Op sa'n winterske dei libbet it wer. Ik rûn fan 'e moarn mei de hûn en der lei wat iis op wetter. Dan ha je wol in lytse kribel, fan soe no it einlik wêze dizze winter?"

Wedstriid net los fan toertocht

Yn de gearkomste sei it bestjoer dat se de wedstriid noait loskeppelje sille fan de toertocht. Dêr is Seinstra it mei iens. "De tocht moat foar elkenien wêze." Ek waard yn de gearkomste sein dat de froulju lykweardich oan de manlju binne. Dat fynt se fantastysk.
Se hat noch wol hoop op in nije tocht. "We ha de ôfrûne winter fantastysk riden."

Coronapas by Alvestêdetocht

Ien fan de leden stelde de fraach oft in coronapas nedich wêze soe by in eventuele Alvestêdetocht. Dêrop sei Wiebe Wieling dat elkenien foar de organisaasje gelyk is, faksinearre of net. Mar as de tocht allinnich trochgean mei mei in QR-koade, of dat der test wurde moat, dan moat oan dy easken fan it kabinet foldien wurde.
Klasina Seinstra
Alvestêdetocht 1997 © Omrop Fryslân
Op 4 jannewaris 1997 wie it de lêste kear dat de Alvestêdetocht organisearre waard. Dat is op 4 jannewaris 2022 25 jier lyn. Omrop Fryslân besteget dêr op dy dei rom omtinken oan op radio, telefyzje en online. Yn dyselde wike komme mear iiswillebylden foarby yn weromrop.tv.