Fytsefabrikant Accell Group set nettsjinsteande tekoarten mear om

Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean hat dit jier oant no ta mear omset draaid as ferline jier. Dochs hie it bedriuw wol te lijen ûnder in tekoart oan ûnderdielen, dat feroarsake waard troch coronalockdowns yn Aziatyske lannen.
© ANP
Neffens Accell ha ferskate grutte leveransiers yn 'e rin fan septimber en oktober de produksje wer oppakt. De omset fan it memmebedriuw fan fytsmerken as Batavus, Sparta en Babboe gie dit jier mei fjouwer persint omheech nei hast 1,29 miljard euro.
De winst groeide mei goed tritich persint nei 107 miljoen euro. De produksje fan de fytsefabrikant is stabyl en heger as yn de earste helte fan it jier, mar bliuwt efter by de fraach.