Ried Súdwest-Fryslân baalt fan finansjeel tafersjoch troch provinsje

De gemeente Súdwest-Fryslân is troch de provinsje op 'e nij ûnder finansjeel tafersjoch steld. Dat ta ferbjustering fan gemeenteried en it kolleezje. Riedsleden fernamen it nijs út de parse wei en binne dêr min oer te sprekken. "Sa geane je net mei-inoar om", seit PvdA-fraksjefoarsitter Johan Feenstra.
Súdwest-Fryslân staat onder financieel toezicht:
Neffens Feenstra set de aksje fan de provinsje de bestjoerlike ferhâldingen tusken Ljouwert en Snits op skerp.

Kontrôle fan begruttingen

It heart ta de taken fan de provinsje om elts jier de langetermynbegruttingen fan alle Fryske gemeenten te kontrolearjen. Dit jier foldiene twa gemeenten neffens deputearre Friso Douwstra net oan alle kritearia: Dantumadiel en Súdwest-Fryslân.
It gemeenteloket, it Bestjoershûs en it âlde Stedhûs yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
By Dantumdiel komt dat troch ûnwissens oer de konsekwinsjes fan it ûntflechtsjen fan de amtlike fúzje mei Noardeast-Fryslân.
Yn it gefal fan Súdwest-Fryslân giet it om oare saken: "Gezien de grote nog lopende bezuinigingsopgave en het niet op niveau zijn van onderhoudsbudgetten in combinatie met achterstallig onderhoud zal de gemeente Súdwest-Fryslân intensief worden gevolgd." De provinsje hat noed oer besunigingen dy't noch net ynfolle binne.

Argumintaasje folgje

PvdA-fraksjefoarsitter Johan Feenstra kin dy argumintaasje net folgje: "We hawwe it op dit momint prima foarinoar. De begrutting is slutend. Ek alle jierskiven dêrnei. Ek foar diken en brêgen sjocht it der prima út. Dus wat dat oanbelanget is der gjin reden foar finansjeel tafersjoch."
Feenstra baalt der fan, omdat sa by de befolking it byld ûntstiet dat de gemeente de begrutting net op oarder hawwe soe. Hy is der dan ek min oer te sprekken dat er it nijs yn de krante lêze moast en dat de ried net earder oer ynformearre waard.
Johan Feenstra fan de PvdA Súdwest-Fryslân
"Sa geane je net mei-inoar om. Yn 't foar ynformearje je inoar", fynt Feenstra. "Yn elts gefal op papier, sadat je witte wêr't je oan ta binne en je je ek ferdigenje kinne. No is wethâlder Wielinga flak foar de parsekonferinsje telefoanysk ynformearre en steane wy as ried bûtenspul. Dat fine wy net netsjes."

Feenstra hopet op beswier

Wat Feenstra oanbelanget makket wethâlder fan finânsjes Gea Wielinga (CDA) beswier tsjin it beslút fan de provinsje om de gemeente Súdwest-Fryslân yntinsyf te folgjen. Wielinga woe freed sels net reagearje. Deputearre Friso Douwstra, in partijgenoat fan Wielinga, woe dat ek net.