Man feroardiele foar bedriging fan Dokkumer jongelju mei jachtgewear

In 53-jierrige man fan Den Haag is troch de rjochter feroardiele foar mishanneling en it bedriigjen fan Dokkumer jongelju mei in jachtgewear.
It plysjeburo yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
Twa jier lyn ried de man troch de Aalsumerpoarte yn Dokkum. Om't er dêr in jonge op in famke lizzen seach, is er útstapt. It famke joech oan dat der neat oan 'e hân wie, mar dochs eskalearre de situaasje. Der waard slein en de man fan Den Haag helle in jachtgewear út de auto. Ien fan de jongelju krige in klap op de holle mei de kolf.
De man hat foar it driigjen en it mishanneljen in wurkstraf fan 100 oeren krigen.