De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Foarútgong"

"Juster wie it de stjerdei fan 'e gelearde Ubbo Emmius út Greet-Siel yn Eastfryslân. Yn 1614 wie hy de earste rektor magnifikus fan de Ryskuniversiteit yn Grins. No, mear as 400 jier letter, is der wer in Fryske rektor magnifikus yn Grins.
Soest konkludearje kinne dat der dus in lange tradysje is en dat in soad itselde bleaun is troch de iuwen hinne. Soest ek sizze kinne dat der in soad feroare is, want de hjoeddeistige rektor is de earste froulike rektor magnifikus dy't de universiteit hat.
Earjuster berjochte it NRC dat der noch nea safolle froulike heechleararen west hawwe yn Nederlân as no, in kwart fan de heechleararen hjoed-de-dei is frou. Der is dus dúdlik beweging op dit mêd, tagelyk rinne we ynternasjonaal sjoen behoarlik efter. Beide ferhalen binne dus wier.

Ubbo luts op syn syktocht nei kennis út Dútslân wei nei Genève, om dêrnei yn Leer as haad fan de Latynske skoalle oan de slach te gean. Doe't yn Noard-Nederlân it belang fan in eigen akademysk ynstitút yn byld kaam krige Ubbo de moaie taak om dat foarm te jaan.
Yntellektuele ûnôfhinklikheid, en dêr waard yn ynvestearre. Ubbo syn rol smiet him ivige rom op, benammen om't er neffens syn grêfstien in goede teolooch, filolooch en histoarikus wie. Ubbo wie nammentlik net allinnich rektor, hy wie ek heechlearaar Gryksk en skiednis. Hy skreau de Rerum Frisicarum historia, in skiednis oer de Friezen, mar tekene ek de kaart fan Eastfryslân alhiel op skaal. Koartsein, in man fan in soad talinten.

Ik moast oan Ubbo tinke, doe't woansdeitejûn Arjen Dijkstra in moai kolleezje joech oer Eise Eisenga en út de doeken die hoe't ek hy in breed oplaat en alsidich man wie, en hoe't syn kennis omset is nei wat dat de minsken sjen kinne.

It kolleezje wie by de Thúsakademy, in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Academie van Franeker. Dy lêste is fansels in ferwizing nei de Universiteit fan Frjentsjer, dy't yn de 16de iuw stichte waard en yn 1811 tichtgie. De hjoeddeistige Akademy fan Frjentsjer wol graach wittenskip en maatskippij ferbine, lykas ús Fryske Akademy dat sûnt 1938 docht.

De Fryske Akademy is yn 1938 út de mienskip wei oprjochte mei as misje it yn stân hâlden fan in wurkmienskip, dy't him taleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn alle uteringen, en soks yn romste sin, ferbûn is. Dy moaie misje stiet noch altiten.

Ik moast ek oan Ubbo en oan de misjes fan ús ferskillende ynstellingen tinke, doe't ik woansdei yn de Oranjeseal fan it Stedhûs as sjuerylid fan de wittenskipspriis Campus Fryslân harkje mocht nei it nijsgjirrige ûndersyk fan trije jonge priiswinners en in moai wolkomstwurd fan dekaan Andrej Zwitter.
De dekaan seach ek werom op de rike histoarje fan wittenskip yn Fryslân, op dat dizze eins altyd ferbûn west hat mei de wrâld bûten it Fryske, en dat we der hjoed kwa akademysk klimaat wer goed foarstean yn de regio.

Dat it dêrby noch altyd giet oer ferskate dissiplines en de mienskip, litte de trije priiswinners stik foar stik sjen. Dr. Mirjam Günther-van der Meij mei it belang fan meartaligens en de kânsen dy't dat biedt, dr. Joelle Swarts mei ûndersyk nei de rol fan media as ferbiner yn it noarden en dr. Ronald Plantinga mei histoaryske transysjes yn de suvelproduksje en reitsflakken mei hjoeddeistige diskusjes oer lânskip, mienskip en ekonomy.
Hiel ferskillend, en tagelyk wiene der dúdlike reitsflakken. It ûndersyk giet úteinlik altyd oer minsken, oer minsken yn ynteraksje mei-inoar en mei harren omjouwing. De wize wêrop't it ûndersyk oanpakt wurdt giet út fan ferbinen: it ferbinen fan ynsichten út dissiplinen, it ferbinen fan fragen, it ferbinen fan teory mei praktyk en it ferbinen fan it regionale mei it bopperegionale. Opfallend wie dat elkenien wol gearwurke mei oare organisaasjes en de mienskip.

Wy steane der dus goed foar kwa akademysk klimaat, 400 jier nei Ubbo. Soms soene wy dat hast ferjitte yn de stoarm fan negative berjochten oer ferfal en krises. Ik wol net sizze dat der gjin útdagingen of diskusjepunten binne en net ûntkenne dat der noch in soad te dwaan is. Beide ferhalen binne wier.

As ik al it talint yn ús organisaasje en by partnerynstellings sjoch, kin ik allinnich mar tige posityf wêze. Dizze minsken sette de iuwenâlde syktocht nei kennis troch. Ik hoopje dat guon fan harren de Ubbo's fan de takomst wêze sille."