Legere ynkommensstipe boeren: "Mear dwaan foar minder preemje'

Boeren gean der tûzenen euro's yn it jier op achterút, no't in mearderheid fan de Twadde Keamer ynstimd hat mei fersobering fan Europeeske subsydzje. De ynkommensstipe foar boeren wurdt de kommende jierren yn stappen ferlege. Bouboeren wurde it hurdste troffen, sa is de ferwachting.
Minder Europeesk jild foar boeren:
De boeren krije de ekstra ynkommensstipe út it lanlike Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB). Sy moatte dan de grûn sûner meitsjen en soargje foar mear biodiversiteit. It nije belied is derfoar bedoeld dat folle mear boeren duorsum buorkje, mar it makket harren takomst ûnwis. Mooglik wolle se aanst hielendal gjin berop mear dwaan op de stipe. "De totale preemje de hektare wurdt minder en wy moatte der mear foar dwaan", seit ierappelboer Thomas Pollema dy't by Alde Leije duorsum buorket.
Meidwaan oan de GLB-regeling is net ferplichte, mar de boeren freegje harren wol ôf wat it harren ekstra kostet, wat de risikos's binne en wat it opsmyt. "Eins binne we it jild wol nedich", seit bouboer Pollema. "Mar as der safolle ekstra freget wurdt en as it sa dreech wurdt om yn te folgjen, dan krijst wol in kear de rekkensom. Al it jild dat we dêr net oan útjouwe, hoege we ek net werom te fertsjinjen."