Grut part Fryske basisskoallen hat selstesten noch net binnen

In grut part fan de Fryske basisskoallen hat de selstesten fan it ministearje fan Folkssûnens noch net binnen. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân by de skoallen del.
Grut part fan Fryske basisskoallen hat selstesten noch net binnen
Yn de nijste coronamaatregels kundige it demisjonêre kabinet oan dat fan moandei 6 desimber ôf it driuwende advys jilde soe foar basisskoallearlingen yn de boppebou om twa kear yn de wike in selstest te dwaan.
De skoallen krije noch net in soad klachten fan âlden oer it útbliuwen fan de selstesten, mar guon learkrêften meitsje harren wol soargen. "Ze hadden het gevoel dat dit de veiligheid enigszins zou vergroten, en daar waren ze blij mee, maar nu zijn ze toch enigszins teleurgesteld", seit Hayo Bohlken fan ûnderwiisbûn AOb Noord.

'Verbazingwekkend'

It is neffens it ûnderwiisbûn net de earste kear dat it ministearje wat taseit dat úteinlik net wiermakke wurdt. "Ik verbaas me niet heel snel meer tegenwoordig, maar ik vind het wel verbazingwekkend dat ze het niet op orde hebben", seit Bohlken.
By it útjaan fan de sneltesten foar it personiel fan de skoallen, earder dizze coronakrisis, kamen de testen by in soad skoallen ek al folle letter as tasein.
© ANP Foto
It ministearje skriuwt yn in reaksje: "Het kan kloppen dat Friese basisscholen de zelftesten nog niet ontvangen hebben. We leveren namelijk vanaf afgelopen maandag tot en met morgen. Dus morgen hebben in principe alle scholen de testen. Het gaat in totaal om 6.700 basisscholen in het hele land, dus dat kun je niet op één dag bezorgen."
Hayo Bohlken fan AOb Noord oer de selstesten