Súdwest noch net akkoart mei Empatec-plannen: "Oaren tekenje by it krúske"

De ried fan Súdwest-Fryslân hat no ienkear wat mear hier op de tosken as de oare trije gemeenten dy't meidogge yn de konstruksje fan it sosjalewurkbedriuw Empatec. Dat seit Pieter de Vries, CDA-riedslid én foarsitter fan de kommisje dy't in riedsenkête holden hat.
Pieter de Vries © CDA Súdwest-Fryslân
Dy enkête begûn yn maart, yn oktober wienen de harksittingen en oer twa wiken is de presintaasje fan it rapport. Dêrtuskentroch is no de presintaasje fan de businesscase kaam, want dat wie juster. De Vries is net hielendal gelokkich mei dy timing.

Krekt in wedstriid

"De businesscase is feitlik de útwurking fan wat de rieden al besletten hienen, mar it momint dat it nei bûten brocht wurdt is wol bysûnder", fynt De Vries. "Je witte dat der in ûndersyk rint, dus dan koe de timing wol wat sekuerder. It liket no wol dat it in wedstriid wurden is. Dat mei, hear."
By de presintaasje fan woansdei waard bekend dat Empatec fierder ûntwikkele wurdt nei in wurk-learbedriuw. Trije fan de fjouwer dielnimmende gemeenten ha fertrouwen yn it plan: Waadhoeke, De Fryske Marren en Harns. De lêste gemeente, Súdwest-Fryslân, wol earst oare senario's besjen. "We willen niet op slot gezet worden", sei wethâlder Gea Wielinga dêroer.

Fernuvering en yrritaasje oer opstelling Súdwest

De opstelling fan Súdwest-Fryslân smiet fernuvering en yrritaasje op by oaren. Foarsitter Boukje Tol fan de mienskiplike regeling wiisde der bygelyks op dat it algemien bestjoer fan de regeling earder noch akkoart gong en dat Súdwest-Fryslân dêrby wie.
Wethâlder Paul Schoute fan Harns sei dat er it stânpunt fan Súdwest-Fryslân net oankommen seach. Yn de riedsgearkomst fan syn gemeente sei er woansdeitejûn dat wethâlder Wielinga fan Súdwest-Fryslân blykber weromfluite is troch de rest fan it kolleezje.
Wethâlder Paul Schoute © Omrop Fryslân
"Ik vind hier van alles van en wie mij kent laat ik het aan de verbeeldingskracht over wat ik daarvan vind", sei Schoute, dy't dúdlik yrritearre is oer de gong fan saken.
Hy seit tige fernuvere te wêzen dat yn Súdwest-Fryslân no de hiele konstruksje fan Empatec wer tsjin it ljocht hâlden wurdt. Dat sy fragen en betinkingen by de businesscase hawwe soene, kaam net as in ferrassing. "Maar dit hebben we niet zien aankomen. Er was geen vooraankondiging."
Neffens Schoute hat Wielinga fan Súdwest-Fryslân wol wat fragen om antwurd op te jaan.

Krekt de bedoeling

Neffens CDA-riedslid De Vries is de opstelling fan Wielinga presys wat de ried fan har ferwachte. "De ried hie al betinkingen by it plan. We ha ek net ynstimd mei de begrutting. It algemien bestjoer fan Empatec hat in eigen koers fearn."
We ha ús wethâlder in boadskip meijûn: net tekenje by it krúske. Dêr hat se nei harke.
Pieter de Vries (CDA-riedslid yn Súdwest-Fryslân)
De twaspjalt wie woansdei dúdlik te sjen, fynt De Vries. "De oare trije gemeenten tekenje by it krúske. Sa giet it al tweintich jier. Mar ús ried hat wat mear hier op de tosken. Wy wolle it 'naadje van de kous' witte. Dêrom moat der earst mear ûndersyk komme."

Harke nei de ried

En dus is er wiis mei wat syn wethâlder dien hat. "As ried ha we as boadskip meijûn oan de wethâlder: net tekenje by it krúske. Dêr hat se nei harke."
Oer de resultaten fan de enkête wol De Vries noch neat kwyt, dus ek net oft dat noch fan ynfloed wêze kin op de businesscase. "Hypotetysk soe dat kinne fansels, mar dat sjogge we oer twa wiken. Us rapport sil takom jier wol in rol spylje."
© Omrop Fryslân
Wat De Vries wol seit, is dat de posysje fan Súdwest-Fryslân bytiden ûngemaklik is. "Kwa sizzenskip ha we gjin mearderheid, mar ús gemeente draacht wol 58 prosint fan de kosten. Dat seit foarsitter Tol ek. Dat is wol wat. As je mear as de helte betelje, dan soenen je wol wat mear stjoer ha meie oer de karren dy't makke wurde."

'Elkoar fêsthâlde'

Schoute jout ta dat Súdwest-Fryslân dan wol de grutste partisipant is, mar seit dat de trije oare gemeenten mei-inoar ek grut binne. Hy wol graach dat dy trije goed oan inoar fêsthâlde en gewoan trochgean mei it proses. "Het lijkt me meer een probleem voor de gemeente Súdwest-Fryslân."