Stellerij Lemmer en Ljouwert

Plysjemotor © Omrop Fryslân
Twa famkes fan 16 hawwe woansdei op it strân fan De Lemmer in tas stellen. It slachtoffer is in frou fan 18 út Nijemardum. De plysje koe de twa famkes út De Lemmer en Schiedam even letter op de Plattedyk oanhâlde.
In 24-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht yn syn wenplak fan syn beurs en mobile telefoan berôve. Hy waard op de Grinzerstrjitwei by it Stedelijk Gymnasium fan syn fyts drukt, wêrtroch't er foel. In ûnbekende man naaide doe mei syn besittingen út.