Ljouwerter krijt seis wike sel foar mishanneling yn dei-opfang Assen

In 28-jierrige man út Ljouwert krijt foar in swiere mishanneling yn Assen in selstraf fan seis wike. Yn de dei-opfang fan it Leger des Heils mishannele hy in frou. De frou bedarre mei brutsen bonken yn har gesicht yn it sikehûs.
Rjochter © Shutterstock.com
Yn de opfang hiene de man en de frou spul krigen. De frou joech de man doe in klap. Dêrnei begûn de man har sa hurd te slaan en te skoppen dat se nei it sikehûs moast. De plysjerjochter neamt it in "buitenproportionele reactie".

Skeafergoeding

It slachtoffer easke in skeafergoeding fan 2700 euro, mar de rjochter hat dat bedrach ferlege nei 1500 euro. Troch de earste klap út te dielen hat de frou ek in lyts oandiel, fynt de rjochter.
De man rûn noch yn de proeftiid fan in oare selstraf. It giet om in selstraf ûnder betingst fan 32 dagen. Dizze straf mei de man no ek noch útsitte.